Merke 2021

Hjirûnder fynst it programma foar de merke fan 2021.
Klik HJIR om it programma te downloaden. En klik hjir foar it opjefteformulier.

Programma Merke 2021
Freed 27 augustus
9.30 Bernekeatsen
Foar de bern oant en mei 15 jier. Der is gjin minimum leeftyd, mar de dielnimmers moatte it
spultsje fansels wol kinne. Ynklusyf patat, ranja, iis & lekkers.
Wy freegje in bydrage fan 5 euro per bern, graach by oanfang betelje.
Opjaan dochst fia it opjefteformulier.

10.30 Bernespultsjes
Foar de bern fan groep 1 o/m groep 6 hawwe wy in hartstikke leuk spulprogram betocht.
Fansels mei wat lekkers ûnderweis en patat en iis nei ôfrin.
Wy freegje in bydrage fan 5 euro per bern, graach by oanfang betelje. Opjaan kin fia it opjefteformulier
Âldere bern en âlders dy’t ús graach helpe wolle binne fan herte wolkom (graach ek opjaan).

13.00 Springkessen op it fjild
Middeis stiet der in springkessen op it fjild, dit is ornearre foar bern oant en mei groep 6.

14.00 Supclinic
Om jim kennis meitsje te litten mei dizze razendpopulaire sport is der foar de bern fan groep
7 o/m 15 jier in supclinic ûnder lieding fan it echte supskoalle. Wy sammelje by it
Weidumerhout. Nei ôfrin is der foar elkenien wat drinken en lekkers.

Foar dizze aktiviteit freegje wy in bydrage van 10 euro per persoan, graach by oanfang
betelje. Opjaan kin fia it opjefteformulier, doch dit sa gau mooglik, want fol=fol.

Sneon 28 augustus

10.00 Merkekeatsen
Wat is in merke sûnder keatsen?! Eltsenien (15+) kin wer meidwaan oan de Merkepartij.
Krekt as oare jierren is der yndividuele opjefte.
Opjaan kin fia it opjefteformulier Dielname is fergees.

11.00 55+ aktiviteit
Foar de Weidumer fiifenfyftichplussers is der dizze moarn in geselliche aktiviteit. Lykas as
oars is dit alles ûnder it genot fan in hapke, drankje en in bulte wille. Wy sammelje by it
doarpshûs.
Foar dizze aktiviteit freegje wy in bydrage van 10 euro per persoan, graach by oanfang
betelje. Opjaan kin fia it opjefteformulier

14.00 – 18.00 Lekker ite en neisitte
Noflik bekomme en gesellich mei-inoar genietsje fan hearlik iten fan Roelof (foar elkenien,
dus ek foar de net-keatsers).
De kosten foar it iten binne 12 euro per persoan. Wol graach Opjaan fia it opjefteformulier

En dan fierder noch:

- hâld jim by alle aktiviteiten oan de jildende coronamaatregels

- it is foar ús hiel wichtich dat elts him opjout foar de ferskate aktiviteiten, dit kin oant en mei snein 22 augtustus. Opjaan dochst troch it opjefteformulier  yn te foljen en te mailen nei merkeweidum@gmail.com

- mooglike oare fragen kinst ek fia de e-mail stelle

- wy komme net by de doarren del mei de merkelist, derom freegje wy lytse bydrage foar in oantal aktiviteiten. Betelje kin mei pin & kontant.

- Wolle jim ús noch graach stypje mei in frijwillige bydrage dan kin dit oer de bank: Rekkennûmer NL43ABNA0443266700 t.n.v. SVV Weidum.

- âlders binne altyd ferantwurdlik foar har eigen (minderjierrige) bern - der wurd gjin alkohol skonken oan minsken ûnder de 18 jier

- by min waar wurdt it programma (as it nedich is) oanpast

- alle aktiviteiten binne op eigen risiko - sjoch foar updates regelmjittich op www.weidum.eu.