Nijs fan It Nut, july 2023

23 july 2023

Nijs fan It Nut, july 2023

july 2023

De simmer is begûn, en hoe! Waarmte- en drûchterekôrs binne al wer brutsen, nei in tige dampe maitiid. Elts begjint al wer nei te tinken oer de simmerfakânsje mar sa fier is it noch net. Earst de tarieding op de merke fansels. Tema: De ‘Nineties’. En bykomme fan in bysûnder jubileum fan Harmonie mei in geweldich optreden op it keatsfjild!

Rûnom hongen ferline wike skoalletassen oan flaggestôken troch it doarp. Lokwinsken foar alle studinten dy’t wer in stap set ha yn harren stúdzjekarriêre!!
De Jeu de Boules baan is klear! It is prachtich wurden en der wurdt op tongersdei-te-jûn al goed gebrûk fan makke troch in ploech entûsjaste doarpsgenoaten. Op tongesdei 6 july sil de baan iepene wurde mei in lyts feestlik tintsje.
It is net foar alle doarpsgenoaten dúdlik hoe’t it iepenbier ferfier yn Weidum regele is. Wa’t de Reisapp 9292 ynstallearret op syn tillefoan kin sels sjen hoe’t de tiden binne. De bus giet moarns om 7.06, 8.06 en 9.06 oere nei Ljouwert ta. Wa’t letter reizgje wol moat earst mei de bus nei Mantgum om dan 10.25, 11.25 en 12.25 oere mei de trein nei Ljouwert te gean.
Fan 14.06 ôf giet dan om it oere wer in bus nei Ljouwert ta oant 18.06 oere. Dêrnei kinne je wer mei de bus nei Mantgum om de trein te nimmen fan 18.25 oant 22.25 oere.

Yn it ramt fan de ûntwikkeling fan kuierpaden yn- en om Weidum hiene trije leden fan It bestjoer fan It Nut besletten om de Alvestêdetocht dit jier te rinnen: Piet, Sijtse-Auke en Anton. It wie in geweldige tocht fan hast 210 kilometer mar folle wizer binne we der net fan wurden….  Yn Weidum, op dei ien, binne we wol geweldich binnenhelle mei muzyk en kofje mei cake fan Franci.

It bestjoer fan it Nut winsket elts in geweldige simmer en in noflike Merke!