Nijs fan It Nut oktober 2023

14 novimber 2023

Nijs fan It Nut oktober 2023

De simmer rint op syn ein en alle doarpsaktiviteiten komme wer op gong. De earste fergadering fan it bestjoer fan It Nut hat wer plakfûn. We ha Rikkie Hagen fan de gemeente Ljouwert útnoege om it earste diel fan de fergadering by te wenjen om in pear saken troch te praten. We ha it hân oer de steat fan de Dekemawei en it autodiel fan de brêge by It Weidumerhout. Elts wa’t mei de auto oer de brêge rydt hat sjoen dat der no buorden oan beide kanten steane mei in oanpaste snelheid: 30 km. En ek buorden mei: Slecht wegdek.
We moatte noch even geduld dwaan mar neffens Rikkie Hagen stiet de reparaasje yn de planning oan it ein fan dit jier. Wurdt ferfolge. Ek ha we it hân oer it ûnderhâld fan it grien yn it doarp, ûnderhâld fan de bankjes en fansels de Weidumerfeart. Dingen wêrfan’t de measte Weidumers wol murken ha dat it net altyd goed giet. It hekkeljen fan de ferskillende sleatten bliuwt in probleem omdat ferskillende ynstânsjes der oer geane. Hooplik hat de oandacht foar dit probleem by SBS 6, troch tadwaan fan de Jorwerter jeugd, ek in positive bydrage jûn. Yn petear bliuwe mei de gemeente oer soksoarte ûnderwerpen hat altyd doel.

Op 6 july is de fernijde Jeu de Boulesbaan iepene. Tal fan belangstellenden en alle spilers fan it Weidumer Jeu de Boulesteam wienen oanwêzich en nei’t Wilma it lint trochknipt hie koe ûnder it genot fan in stikje stokbôle mei brie en in wyntsje lekker Jeu de Boules spile wurde.

By de iepening fan de baan is ek de namme fan de nij oprjochte Jeu de Boulesclub bekendmakke: TIK ‘M OAN. We winskje de spilers in protte wille! Der leit no ek in ôfdekkleedop de baan en yn de takomst kinne we noch betinke hoe’t de baan wat ‘opleukt’ wurde kin.

Hjirûnder ynformaasje fan de Doarpskeamer yn De Wjukken yn Mantgum foar wa’t it gesellich liket. As it goed is ha jim ek in folder krigen fan de aktiviteiten yn de kommende tiid:

IEDEREEN IS VAN HARTE UITGENODIGD OM MEE TE DOEN!!
Doarpskeamer open en Amaryllis aanwezig:
Iedere dinsdagmiddag van 13:00 - 17:00 uur; iedere donderdagochtend 9:00 - 12:30 uur.
MFC Wjukken, Om ’e terp 21, 9022 BD Mantgum.
Email: doarpskeamer@wjukken.nl / tel.nr: 06-20191971.

It bestjoer fan Doarpsbelang It Nut,
Gertjan, Franci, Sijtse Auke, Piet en Anton