Nijs fan de Enerzjykoöperaasje: Doarpsenerzjy Weidum

Wizige op 05-01-2020, 16:31:45

Nijs fan de Enerzjykoöperaasje: Doarpsenerzjy Weidum

'Energie van Ons' is ien fan de grienste oanbieders fan griene stroom en gas!

Fanôf begjin 2017 kinne de ynwenners fan Weidum stroom en gas ôfnimme fan de enerzjykoöperaasje. Wy biede dat oan fia Energie VanOns, in mienskiplike opset fan alle enerzjykoöperaasjes yn Fryslân, Grins en Drinte. Yn Weidum binne al mear as tweintich húshâldingen oerstapt nei de enerzjykoöperaasje foar levering fan griene stroom en sertifisearre gas. Der binne folle mear oanbieders, dy’t ek griene stroom oanbiede, dus hoe grien is dan de enerzjykoöperaasje? 
De Consumentenbond, Natuur & Milieu, Greenpeace en Wise ha dat ûndersocht en Energie van Ons stiet yn de lanlike top mei de maksimale skore van 10 punten!
Ek it taryf fan Energie van Ons is skerp.
Wy binne foar in gemiddelde húshâlding 30 oant 40 euro per jier goedkeaper as de grutte leveransiers (stân fan saken sept. 2019). Der binne wol oanbieders dy’t noch goedkeaper binne, mar dy steane meastal net se heech yn it ûndersyk.

As jo oerstappe nei de enerzjykoöperaasje dan krije wy € 75,- per jier stipe út de eksploitaasje fan Energie van Ons. Dat kostet jo niks ekstra, mar wy bin der bliid mei, want mei jo stipe  kinne wy moaie dingen dwaan foar it doarp.

Wolle jo mear wite, nim dan kontakt op mei it bestjoer: Gertjan van der Meer, Geert de Groot of Steven Duursma. Of stjoer in mail nei doarpsenerzjyweidum@gmail.com
Mear ynformaasje stiet ek op www.weidum.eu/enerzjykooperaasje

Streekrjocht oanmelde by Energie van Ons kin ek, gean dan nei https://energie.vanons.org/
bereken je maandbedrag en ferjit dan net om by de oanmelding yn it fakje Energiecoöperatie Weidum te setten, oars rinne wy dy 75 Euro mis.

Steven Duursma.