Nijs fan it postcoderoosprojekt

6 jannewaris 2020

Wizige op 14-04-2020, 11:34:20

Nijs fan it postcoderoosprojekt

Hoe fier binne wy no?

Sa as yn it foarige nijsbericht al oanjûn is binne wy it iens wurden mei Jarig Boersma om 220 panelen op it dak fan ien fan syn pikestallen te lizzen. Dêrnei binne wy yn gearwurking mei it adfysburo Ecoop starten mei de fierdere útwurking: Oanfreegje offerte, opsette businesscase, kontrȏle van de dakkonstruksje, oanfreegje subsydzje, opsette fan it kommunikaasjetrajekt en sa fuorthinne.

Sa’t it der no foarstiet kinne wy 200 sertifikaten útjaan, yn it earste plak foar de ynwenners fan Weidum. Mocht der te min belangstellng foar wȇze dan kinne de ynwenners fan de postkoadegebieden om Weidum hinne ek meidwaan, mar wy tinke dat der genôch belangstelling yn Weidum is. Fandȇr de namme “Postcoderoos”.

  • Ien sertifikaat kostet € 250,- en dat jout jo it rjocht om de enerzjybelesting werom te krijen fan 1/200ste part fan de opbringst fan it projekt.
  • Dat smyt ungefear € 27,50 per sertifikaat op, wat betsjut dat jo de ynfestearring in 8,5 jier weromfertsjinje.
  • It kontrakt duorret 15 jier en oan it ein ha jo in posityf resultaat fan ungefear € 165,- per sertifikaat.

Wy rûzje dat jo útgean meie fan in opbringst fan ungefear 290 kWh per sertifikaat. Oan de hân fan it eigen stroomferbrûk kinne jo dan útrekkenje hoefolle sertifikaten jo maksimaal ôfnimme kinne.

Jo kinne der ek foar kieze om € 100,- per sertifikaat te beteljen. Dat smyt ek ungefear € 27,50 per sertifikaat op, mar dan moatte jo 15 jier € 12,50 kontribúsje (rinte en ôflossing) per sertifikaat per jier betelje oan de koöperaaasje. Dat is yn 6 jier weromfertsjinne, mar oan it ein hâlde jo dan wol wat minder oer; ungefear € 127,- per sertifikaat. Dizze opsje stiet ek yn de flyer, dy’t 2 jannewaris yn Weidum rûnbrocht is.

It is ek mooglik om mei te dwaan foar € 0,- per sertifikaat, mar dan is de kontribúsje € 22,50 per sertifikaat per jier. Hast likefolle as de opbringst, mar kin jo meidwaan sûnder earst te ynfestearjen.

Der falt noch folle mear te fertellen oer hoe’t it allegearre presys sit, mar dêr is yn dit koarte bericht te min romte foar.

Kom dan op 30 jannewaris 2020 om 20:30 ûre nei it doarpshûs.

Dêr bin dan saakkundigen oanwêzich, hâlde wy in presentaasje oer alle opbringsten en betingsten en is der rom gelegenheid om fragen te stellen.

Wy hoopje op jo komst;

It bestjoer fan de enerzjykooperaasje,
Gertjan van der Meer, Geert de Groot, Steven Duursma.