Keatskamp 2018

22 april 2018

Wizige op 26-11-2019, 15:58:31

Keatskamp 2018

Wat in prachtich wykein hawwe wy hant! Mei in opjefte fan 39 bern hiene wy der 'mear as sin yn!'

Sneontemiddei binne wy begûn. Earst de sliepers-spullen yn it doarpshûs bringe en dan op nei it keatslân.

Yn 3 leeftiids-kategorieën oan de slach mei ferskate keatsspultsjes. Wat ekstra drinkpauzes tuskentroch, want it waar wie hearlik! Ek koene de bern sjen hoe't in keatskrâns makke wurdt, want ús entûsjaste frijwillige froulju sieten moai neist it keatshokje te "krânsen draaien".

Oan it ein fan de middei nei it doarpshûs, of earst thús even ûnder de dûs, en dernei de sliepplakken ynrjochtsje yn de grutte seal. Nei de patat en in ijsko hat elts sich bêst fermakke, we hiene muzyk, karaoke en spultsjes. Om 23.15 giene de lêtsten op bêd, sadat we de oare moarns om 8 oere wer fris en fruitich oan in moarnsbrochje sieten.

Neidat elts sich opfrist hie en de sliepspullen opromme yn de hal stiene, wer op nei it keatslân!

Op it ein fan dizze sportieve moarn binne de punten optelt, de bern hawwe noch wat drinken en broadsje knak krigen, en dernei krigen se allegearre in keatsdiploma. EN waarden der (2x3) krânsen útdielt.

Wy kinne werom sjen op in tige slagge wykein en ik bin super grutsk op alle helpers. Sûnder al dizze frijwilligers hie dit keatswykein net mooglik west.

En as lêtste kinne wy it net litte om op te merken dat we de âlders mist hawwe. Der binne seker in pear âlders en famyljeleden west mar wat hie it moai wast as der mear oan de kant stien hiene foar de bern. (En wy as frijwilligers stelle de belangstellinge seker ek op priis!)

Op nei in moai en sportyf keatsseizoen!

De organisaasje: Laurens, Laura, Feikje en Aaltsje