BLIK OP IT FERLINE

BLIK OP IT FERLINE

No al wer mear as tritich jier stiet de skoalle foar ús trije doarpen yn Weidum. Aldere Weidumers heucht it noch hoe 't se nei skoalle yn Jellum rûnen, seis dagen yn 'e wike (ek op sneon) (foar jeugdige lêzers: je hiene doe gjin fyts en waarden ek net mei de auto brocht at it reinde). Der is troch de ieuwen hinne wat hin en wer ferhuze tusken skoalgebouwen. Witte jo hoefolle âld-skoallen der yn ús doarpen steane? It binne der mar leafst fiif (lit’ we hoopje dat it dêr noch lang by bliuwt). It âldste gebou is de konsistoarje yn Weidum, boud yn de 17e ieu yn opdracht fan Kinsck fan Ropta. Dizze frou fan adel liet yn har testamint opmeitsje dat der 'toe Weidum twaliff duijsent Stien' komme moesten 'om daermet een nieue scole te bouwen aen den hoove aldaer, van myn eighen tichelwercke toe Winsum.' Dit wie in tsjerkeskoalle. Net earder as oan ’e ein fan de 19e ieu kamen der fan oerheidswege skoallen. Om 1880 hinne boude de gemeente in skoalle oan it Sânpaad (sjoch foto). Juffer Venema Grut wie it protest yn Weidum doe 't yn 1934 besletten waard dat de skoalle ticht moast. Pleatslik Nut 'stuurde een adres aan de raad van Baarderadeel met het verzoek stappen te doen tot behoud van de school', sa lêze we yn in lyts kranteberjocht. Dy krante fermeldt ek dat juffer Venema troch de sluting op wachtjild komt. Gelokkich kin se letter oan ’e slach op de skoalle yn Bears (no it hûs fan Janke Singelsma en Henk van der Kooi). Dy hat dan twa lokalen, yn it iene stiet master Schilstra en yn it oare juffer Venema. It gebou wurdt te lyts en dêrom geane de klassen 3 en 4 nei de âlde tsjerkeskoalle yn Bears (no it doarpshûs). Hast fyftich jier hat de skoalle yn Bears yn funksje west. Yn 1979 waard noch in jubileum (75 jier) fierd yn it âlde gebou en in pear jier letter waard de nijbou yn Weidum yn gebrûk naam. Dat skoalgebou moast al gau wer útwreide wurde om romte te meitsjen foar de beukers, fanwege de yngong fan it basisûnderwiis (dik 300.000 gûne koste dat grapke noch wer). Beukers Yn 1961 binne de doarpsbelangen fan Mantgum, Jorwert, Weidum, Jellum en Bears fan betinken dat der in beukerskoalle komme moat. It leafst yn eigen doarp fansels. 'Er was één uitzondering, vertelde de heer Schat bij de opening. 'Dat was Jorwerd. Daar zei men: er moet in ieder geval een kleuterschool komen. Als we het daar over eens zijn, kunnen we later wel uitmaken waar die school moet komen. ' (kranteberjocht 11-10-1961). It wurdt Weidum, earst yn de konsistoarje, letter yn in nij gebou der tsjinoer (no de wente fan famylje Van Wijngaarden). De bern út de oare doarpen wurde mei in ‘Volkswagen’buske nei skoalle ta brocht. Underwiis bliuwt yn beweging, wa wit komt dat buske oait werom. Katja Westra Mei meiwurking fan Jan Monsma en Jeppe Teensma (argyf wurkgroep histoarje).

« werom