Blik op it Ferline

Wizige op 18-11-2015, 15:26:25

Blik op it Ferline

Al njoggentich jier hat Weidum in foarsjenning foar de âlderein. It begûn yn 1925 doe 't de âlde  pastorij oan de Greate Buorren ferboud waard ta in ‘Tehuis voor Ouden van Dagen’, mei plak foar trettjin 'verpleegden'. Tritich jier letter waard Nij Dekama iepene, mei romte foar 35 'pensiongasten'. 
Oan bouplannen, taspraken  en wurdgebrûk – fan rêsthûs oant 'woonzorgcentrum – is ôf te lêzen hoe 't de opfettings oer âldereinsoarch mei de tiid feroaren. Hoe sil dat wêze tsjin de tiid dat jo en ik oan in plakje ta binne?

As der ien is dy 't oer feroarings yn de âldereinsoarch meiprate kin is it Ypie Bylsma. Op har sechstjinde kaam se yn Nij Dekama te wurkjen. No hat se har 40-jierrich tsjinstjubileum der al op sitten. 'Yn 1974 wie ik klear mei de Inas-oplieding mar ik koe net direkt wurk fine. Us pake wenne by Nij Dekama en is doe nei de direktrise stapt. In koart gesprekje op tongersdei en ik koe de moandeis fuort begjinne! Pake fansels wakker grutsk dat er syn pakesizzer oan in baan holpen hie. Yn it begjin fûn ik it wol spannend hear. Ik wie noch mar sechstsjin.  As je nachttsjinst hiene en je moasten troch dy tsjustere gongen, dat fûnen we mar eng. Ik wit ek noch de earste kear dat in bewenner ferstoarn wie. Dat makke wol yndruk.'

Rêsthûs
Yn de stiftingsoarkonde fan Nij Dekama út 1955 is as prinsipe fêstlein 'dat de levensstijl en de levensgewoonten van zijn bewoners zolang mogelijk moeten worden gehandhaafd.' Moai sein, mar alles gong yn dy jierren wol op de klok. Dan kaam de teekarre lâns, dan de bôlekarre. Trije kear yn 'e wike kaam de badjuffrouw, op ien moarntiid fersoarge sy dan in badbeurt foar in stik as fiif, seis bewenners. Folle sizzenskip oer de eigen dei-yndieling hiene de bewenners net. Moarns healwei achten moarnsite, om tsien oere kofje. Ypie: 'Wylst de bewenners oan de kofje sieten, gongen wy dan nei de keamerkes om dy skjin te meitsjen. Hjoeddedei mei dat allinnich mar as de bewenners tekene ha foar 'betreden appartement' en dat papier moat dan ek yn it dossier sitte. Doe stiene de doarren allegear iepen en rûnen je sa yn en út.'

Je hiene it doe oer it rêsthûs. Ypie: 'Alles waard foar de bewenners dien. Minsken wiene der oan ta om nei it rêsthûs, se hiene genôch dien, se hoegden niks mear. No wurde de minsken krekt oanspoard om aktyf te bliuwen, sels in ôfwaskje te dwaan of de stofdoek te pakken. En rêsthûs meie we al jierren net mear sizze.'

Vader en moeder
Yn de âlde pastorij (no it hûs fan Gerrit Fokkens) wie de gong fan saken noch folle mear yn regels fêstlein.
By de iepeningsplechtichheid yn 1925 spruts de boargemaster de nije bewenners ta: 'Verpleegden! Het gemeentebestuur heeft er naar gestreefd het Tehuis zoo doelmatig mogelijk in te richten: voor uw voeding en huisvesting is zoo goed mogelijk gezorgd. Toch moet van uw kant een offer worden gevraagd. Iets van uw persoonlijke vrijheid moet gij verliezen. Van u wordt gevraagd u bereidwillig te voegen naar de regels van dit Tehuis. Voortaan maakt gij deel uit van een groot gezin en van u wordt gevraagd u als leden van dit gezin naar elkaar te schikken, elkaars   eigenaardigheden te verdragen en als 't kan elkaar te helpen en te steunen. Zoo vergemakkelijkt gij de taak van den vader en den moeder.' 

De lieding wie dus yn hannen fan in heit en in mem en dat echtpear mocht sels gjin bern ha. Fan it earste echtpear Riemstra is in skriuwen bewarre bleaun oer de gong fan saken yn it nije hûs. 'Vader en moeder genieten precies dezelfde voeding als de verpleegden, dat geregeld is als volgt. De verpleegden staan 's morgens om 7 uur op en krijgen dan thee met een boterham, die bestaat uit een stuk roggebrood met geraspte kaas en twee stukjes wittebrood met boter, zonder kaas. Daarna gaat ieder die wat werken kan aan den arbeid.' De kost moast wol fertsjinne wurde! Ek it waarme iten wurdt yn detail beskreaun: fjouwer kear yn 'e wike ierappels, trije kear mei griente, ien kear brúne beane… 'Het overgebleven middageten wordt  zoo mogelijk 's avonds weer opgewarmd waarvan iedere verpleegde zijn deel krijgt, met een of twee borden pap.' Foar yn de kofje of tee krige eltse bewenner in heal pûn sûker yn 'e wike, 'hierover heeft hij zelf te beschikken.' Tjongejonge, wat in frijheid: sels it behear oer je sûker ha!  Yn in PS jout heit Riemstra noch oan dat 'de mannen en vrouwen afzonderlijk eten en drinken.' It gemeentebestjoer koe mar gerêst wêze, gjin kâns op ûnfoechsumens tusken de ‘verpleegden’.

'Het moet al raar komen voor ze me hier kregen'
Yn 1952 krijt it tehûs besite fan in kranteman fan de Friese Koerier. Dy notearret dat it gebou der aardich by leit en dat wol fjouwer fan de trettjin bewenners in eigen keamer ha. 'Zelfs troffen we er uitstekende closets aan en een heuse badkamer met kuip die eens in de veertien dagen door allen gebruikt wordt.' De ynrjochting mei dan goed wêze, it tehûs is net bot yn trek. It echtpear Marra dat de lieding hat ferklearret oan de ferslachjouwer dat 'de inrichting zo geschuwd wordt doordat enkelen onder de bewoners geestelijk niet helemaal volwaardig zijn en die door hun eigenaardigheden of hebbelijkheid wel eens storend werken. Heel gauw komt men er dan toe om te zeggen: als die en die er is, dan wil ik er niet zijn.' De sjoernalist slút syn ferslach ôf mei as konklúzje:  'Het moet al raar komen voor ze me hier kregen.'

Borrel op snein
Amtner Fokkens fan Sosjale Saken briedt yn dat selde jier al op in plan om de húsfesting te ferfangen troch nijbou. Hy set him yn foar 'een pensiontehuis voor Drees-mensen, een huis met veel kamers, waar een mens zich mens kan blijven voelen.' Oft dy opset slagge, kinne we net mear neifreegje oan de earste bewenners. Ypie trof yn har begjinjierren in gemoedlike, persoanlike sfear oan. 'It wie húslik, je wiene mei mekoar.'  Dy sfear is der wat har oanbelanget hieltiten noch, mar se sjocht ek ferskillen. 'Der wie doe mear tiid foar de minsken as no, we gongen mei bewenners te kuierjen, dienen in spulstje, makken in praatsje. Dy aktiviteiten wurde no troch de ûnmisbere frijwilligers dien. Ek foar it húshimmeljen, doedestiids foar de froulike bewenners tige wichtich, wie doe tiid. We namen kasten út, luchten it bêdeguod, de hiele keamer stie soms op 'e kop.' In posityf ferskil: dingen geane no yn oerlis mei de bewenners. 'Der wurdt in ‘woonleefplan’ opsteld, dêr 't persoanlike winsken yn fêstlein wurde, sa as hoe faak ien ûnder de dûs wol en hoe let minsken fan en op bêd wolle. Ek de tiden fan it iten binne hjoeddedei fleksibel.' Noch sa'n teken dat Nij Dekama mei de tiid mei giet: op snein wurdt der nei de kofje in borrel skonken. Wol even wat oars as it stikje koeke dat de ‘verpleegden’ yn 1925 op sneintemoarn krigen.  

Katja Westra
(mei meiwurking fan Jan Monsma en Jeppe Teensma, argyf wurkgroep histoarje)



« werom