Blik op it Ferline

Blik op it Ferline

Bumahôf

Al hast twa ieuwen lang leit op it ein fan de Greate Buorren yn Weidum in partikulier begraafplak: it Bumahôf
Yn Fryslân binne famyljehôven frij unyk. Hoe kin it dat no krekt Weidum sa'n hôf hat? En hoe wurdt it hjoeddedei noch brûkt?
We skowe oan yn de smûke keuken fan Pier Swierstra en Hester Meindertsma om dat ferhaal te hearren.

It begûn mei in wet en in winsk. In wet út 1808 bepaalde dat minsken net langer yn in tsjerke of binnen de beboude kom begroeven wurde mochten. Wolris neitocht wêr 't it begrip rike stjonkerts wei komt? Sûnt Durk Liemburg my it ris útlein hat, ha ik der in libbene foarstelling fan. Wa 't ryk wie koe yn earder tiden in plak yn tsjerke krije om begroeven te wurden. It gewoane tsjerkfolk koe de neitins opsnuve. Wol opmerklik om te fermelden is de wjerstân fanút de tjserken tsjin de nije wet: it skeelde har yn ynkomsten. Mar úteinlik gongen se om lyk (wol in moaie útdrukking yn dit ferbân), yn 1827 gong de nije bepaling yn.

Winsk
Yn 1820 spruts frouwe Rolina Maria Hora Siccama, troud mei Bernardus Buma, de winsk út dat sy begroeven wurde woe yn Weidum, 'op een stuk lands aldaar gelegen hetwelke niet ver af echter ook niet aan de dagelijkse wandeling gelegen sij.'  Rolina wenne mei har man Bernardus Buma op Borniastate. 'Se seagen fanút de state út op it stik lân dêr 't no it hôf leit', jout Pier Swierstra oan, 'Bornia State stie op it plak dêr 't no Hylke en Pytrik wenje en dêr 't earder it pleatske fan Fokke Looyenga stie.' Foar wa 't it net wit: Pier sels wennet mei Hester en bern op it ‘Bumaleen’, de pleats neist it famyljehôf.
Oer dat Bumaleen komme we fierderop noch wol te sprekken, earst werom nei Rolina.

Sy tocht yn 1820 wat mear foaroansteande famyljes yn dy tiid betochten: at we net mear yn tjserke begroeven wurde kinne, dan moat it mar op eigen grûn. Yn 1825 joech har man Bernardus – grytman fan Barradiel – opdracht it hôf oan te lizzen. In jier letter waard Rolina dêr as earste begroeven, nei in skoft slim siik west te hawwen.  Bernardus stoar yn 1838, soan Wiardus lei fêst wa fan de famylje yn oanmerking kaam foar in plak op it hôf en bepaalde ek dat alle grêfstiennen deselde ôfmjittings en itselde soart opskriften ha moasten.
Pier: 'Je kinne oan de stiennen op it hôf krekt sjen hoe 't twa tûken fan de famylje har ûntjûn ha, de Haersma Buma's neist de Hopperus Buma's.' 

Salútskotten
Foar Pier is it net frjemd om neist sa'n hôf te wenjen. Hy groeide der as jonkje al mei op doe 't de Swierstra's noch oan de Greate Buorren wennen. 'Ik wit noch dat ien fan de Buma's mei militêre ear begroeven waard. Mei salútskotten. Dat makke wol yndruk.' Dat hat Majoor der Huzaren J.C. Hopperus Buma west, sjogge we letter op ien fan de grêfstiennen. Yn 1981.
En op de webside fan it Ministearje fan Definsje fine we in foto fan dy plechtichheid. Der sille grif mear Weidumers wêze dy 't dit bysûndere barren noch heucht.

It Bumaleen
De pleats neist it hôf hjit dus It Bumaleen. Mar in ‘leen’ is dochs in soarte fan fûns? Hoe sit dat krekt? Yn 1873 hie Wiardus Willem Buma betocht dat der in leen oprjochtsje woe om beurzen út ferstrekke te kinnen. Doel wie  om 'de studie in de regtsgeleerdheid in mijn geslacht duurzaam te bevorderen'. It jild foar dat leen moest út de opbringsten fan de pleats Domnazathe komme. En dy pleats moast nei syn dea as namme Bumaleen krije, hie Wiardus yn syn testamint bepaald. Mar de buorkerij wie slim ferfallen. Dus is der earst ynfestearre yn in nije pleats, de bou dêrfan wie yn 1889 klear. Hiel wat Buma's, mar ek net-famyljeleden, ha dêrnei in 'pensie' út it fûns krigen. Yn 1979 besleat it bestjoer fan it Bumaleen om op te hâlden mei de beurzen. Troch de stúdzjefinansiering wiene dy net echt mear nedich en it jild koe eins net mear mist wurde fanwege de ûnderhâldskosten fan it hôf.     

Famyljekeamer
Pier hat sûnt er op it Bumaleen buorket twa kear in begraffenis meimakke. Meast wurdt in famyljelid fanút de tsjerke útdroegen mar Wiardus Willem Hopperus Buma hie as winsk om yn de skuorre opbiere en fan dêrút nei it hôf brocht te wurden. 'Dizze Buma fielde him hiel ferbûn oan Weidum, it hôf en de pleats en hat him as bestjoerslid fan it Bumaleen dêr ek bot foar ynsetten', wit Pier. Hester hat de famylje al ferskate kearen meimakke. 'It binne hiel aardige minsken, altiten tige ynteressearre.'
Bysûnder is dat ien keamer yn it wenhûs foar de Buma's beskikber is. Mei begraffenissen kin de neiste famylje har dêr foar de plechtichheid even ôfsûnderje. Ek wurdt de jierlikse bestjoersgearkomste fan it Bumaleen hjir hâlden. Ik mei de keamer even sjen. In antike tafel mei stuollen, skilderijen en moaie panielfinsters jouwe de romte in foarname sfear. Oan de muorren portretten fan fjouwer Buma's. Rolina is der ien fan. Se sjocht frijwat tryst en it liket as glinstert der wat yn har each. Wie se doe al siik en hat de skilder (Willem Bartel van der Kooi) dat mei dizze hint fêstlizze wollen?  Net ien kin it ús mear fertelle, sa as it ferline wol mear geheimen foar ús hat. 

Katja Westra.

« werom