Blik op it Ferline mei Pytsje Bosma

16 april 2016

Wizige op 28-11-2019, 09:32:55

Blik op it Ferline mei Pytsje Bosma

Hoe wie yn earder tiden it ferieningslibben? Ik sil der oer prate mei Pytsje Bosma en betink my ûnderweis nei har ta dat it leaver net in stikje wurde moat fan ‘vroeger was alles beter.’ It is it earste dêr ’t se sels oer begjint: ‘It moat gjin ferhaal wurde fan wat der allegear net mear is en hoe spitich dat dat wol is.’ Sa stiet se der sels ek net yn. ‘De lêste kear dat we mei it 60-plus-reiske werom kamen, spile it korps net. Miskien is it mei dy tradysje no dus wol dien. Dat kinne je spitich fine, mar alles bliuwt no ien kear net by it âlde.’ Soarch oer de takomst fan ‘e ferienings hat Pytsje ek net. ‘It giet wol troch.’ 

Wa ‘t it ferline werom helje wol, hat ferbylding nedich. Ferbylding fan hoe ’t minsken doe libben mar ek fan wat der doe allegear net wie. Ferjit televyzje, ferjit auto, ferjit elts wykein oan it bier, ferjit trije kear per jier op fakânsje ….. En tink je yn: it libben spile him ôf yn it doarp. Punt. Nei Ljouwert ta wie al in hiele reis, noch fierder fan hûs kamen je heechút in pear kear per jier. It jierlikse reiske fan it koar of de frouljusferiening wie dan ek in belibbenis. ‘Us mem die har moaiste jurk der foar oan’, wit Pytsje noch. En alle oare froulju fan de Vrijzinnig Hervormde Vrouwenvereniging wiene ek yn ‘e pronk. ‘Dat wie fansels hielendal net handich op sa’n dei. No dogge je krekt wat makliks oan.’ Mei it reiske fan de frouljusferiening gongen de manlju net mei, by it útstapke fan it koar mocht dat wol. ‘Us heit fûn dat wol in opjefte, dan moest er de hiele dei skuon oan ha en dat wie der net wend.’

Troch de buorren
It libben spile him ôf yn it doarp. En at der wat te rêden wie, dan wie elts der by. ‘At it korps troch de buorren gong, dan rûnen we der allegear efter oan. Ja, wêrom diene we dat? It wie in feest. No steane je mei in pear minsken op ‘e hoeke.’ It korps spile ek at it frouljus- of bejaardereiske werom kaam. ‘It hiele doarp stie der dan. Sa wie dat doe. Dy tradysje liket no dien. De lêste kear dat we mei it 60-plus-reiske fuort wiene, wie it korps der net. Dat kin je o sa spitich fine, mar alles bliuwt no ien kear net by it âlde.’

It doarp wie de wrâld, ek foar de jeugd. ‘At je seis wiene gongen je op de gymnastyk. En heechút noch op ien oar ding, ek yn eigen doarp. Je gongen net te fuotbaljen yn Deinum of Easterlittens, dat wie de wrâld út.’ Pytsje siet ek noch op drumles. ‘Op in plankje mei twa stokjes, mear wie it net.’ Beide aktiviteiten fûnen plak yn de âld skoalle (letter de winkel fan Andrys & Pytsje). ‘We gymnastiken gewoan op in houten flier en op in kokosmatte sa hurd as beton. Soms krigen je in splinter yn ‘e foet, no dat wie dan sa, dêr die net ien muoilik oer.’

Neistikje
Om kultuer op te snuven ride we hjoeddedei mei gemak nei De Lawei of at it sa útkomt nei Martini Plaza. Doe wie der oars gjin ferdivedaasje as yn eigen doarp. ‘De jierlikse útfiering fan it koar of in optreden fan de boerekapel, it wiene hichtepunten. Je libben der nei ta. De toanielútfiering? Hiel Weidum gong der hinne. Je diene de krulspjelden der foar yn en nije klean oan.‘ Op sa’n jûn waard in grut stik spile en nei it skoft folge dan noch it neistikje, dat wie in ienakter foar begjinnende spilers. En dûnsjen nei fansels! Pytsje gong op har fyftjinde by it toaniel. ‘Dat gong wol offisjeel, hear, mei in soarte fan ballotaazje troch it bestjoer.’ Foar in útfiering waard in wike as seis repeteard. ‘In neisit wie der doe net by. It begong om healwei achten en om healwei alven gongen je nei hûs ta. De measten moasten de oare deis betiid oan it wurk. En je hiene it jild ek net om troch de wike oan de borrel te gean.’
Wat der op dy útfierings te sjen en te hearen wie, hie in oar nivo as wat we no wend binne. ‘Foar de toanielútfiering skarrele elts sels wat klean by mekoar. En meubels kamen ek gewoan by ien thús wei. Hindere neat as dy de tafel en stuollen in pear dagen kwyt wie.‘ It koar song allinnich Fryske ferskes. ‘Ien kear siet der wat yn it Ingelsk by, ús mem oefene yn ‘e keamer, wy stiene der as bern by te gnizen om hoe ’t se dat Ingelsk útspruts.’ 

Notuleboek
Lid wêze fan in feriening betsjutte wat. De jierfergadering gongen je fanselssprekkend hinne. ‘Gewoan, do heardest der by. It gong je oan. Je wiene benijd nei hoe it der foar stie.‘  Fêste gewoante wie it foarlêzen fan de notulen en it jierferslach. ‘Wat in wurk hie men dêr fan! It kaam hiel krekt, alles moast der goed yn stean. Foar in grut part stive ferhalen fansels. Mar guon skriuwers hiene der slach fan om it hiel smout op papier te setten.’ Pytsje wit noch fan in ferslach dat Skelte Brouwers foar de folleybalklup makke. ‘Douwe Brandinga wil graag een net om zijn ballen. Hier wordt over gestemd.’ Is dat ferslach noch earne bewarre? Skande at soks ferdwine soe! Yn it Weidumer argyf fine we it notuleboek fan De Blauwe Knoop. Wat in leden hie dy feriening! By de oanwêzigen allegear bekende nammen. De lêste oantekens binne fan 1968, doe wie de animo foar dizze klup blykber op.

Der binne yn de rin fan ‘e jierren wol mear ferienings opdûkt. De damklup bygelyks, oprjochte troch Jan Bangma, de pake fan Jan Suierveld. Wat hat dy grut west! Mar sjoch no ris hoefolle leden de biljertklup hat, bringt Pytsje yn. Ek it koar Troch Sjongen Ien ferdwûn. Dat fûn elts doe o sa spitich. Mar no ha we De Sjongerij. It is yn har eagen bysûnder hoefolle ferienings der noch altiten binne. ‘Sa’n krystbalkommisje, dy giet dan dochs mar wer troch mei in nije ploech. En de jeugd fan Weidum draacht ek syn stientsje by mei RoekRock en oare eveneminten.’ Hoe ’t it ferieningslibben der oer tweintich jier útsjocht, doart Pytsje net te foarsizzen. Mar dát it der noch is, dêr is se wol wis fan. ‘It giet wol troch.’

Katja Westra