Listlûkersdebat - Ljouwert en de doarpen (opiny)

Wizige op 27-06-2018, 10:02:18

Listlûkersdebat - Ljouwert en de doarpen (opiny)

"Op tiisdei 14 novimber wie der in saneamd listlûkersdebat; ‘Ljouwert en de doarpen’.
Dit inisjatyf fan Nij Baarderadiel krige de grutte seal fan it Weidumer doarpshûs fol, ynwenners fan de oanbelangjende doarpen wiene goed oanwêzich. Ik koe my hielendal fine yn de needgjalp fan dy iene Weidumer ‘Ik bin net graach in Ljouwerter’, dêrom wie ik ek oanwêzich. 12 Listlûkers, of harren ferfangers wiene oanwêzich; mei ûnderfining, skerp, kompleet, balâns sykjend tusken belied en winsken, guon suver oandwaanlik, ien gjin spraakwaterval mar dat ferjouwe je him gau, in oarenien prate dan wol wer, mar lústere net, ien krige reade flekken yn ‘e nekke at de presintator him tsjinspruts en wer in oarenien ried ik mei klem oan ris yn petear te gean mei minsken, mear spesifyk mei boeren."

Fierder lêze dochst by Doarpswurk.frl

« werom