Nijs fan It Nut

Nijs fan It Nut

Wylst ik dit stikje skriuw is de meteorologyske hjerst al begûn, mar stiet der in prachtige neisimmerdei foar de doar. En dat wylst we al sa’n prachtige simmer hân ha. Net allinnich it waar wie moai, mar ek de aktiviteiten dy’t we fan ’t simmer yn ús doarp hienen, wienen wer slagge! De earste dagen fan de fakânsje wienen we yn gouden sfearen op ús merke. Wat in feest wie it wer. Dêrnei waard it doarp in wike oernaam troch de Spulwike. Wat ha de bern in prachtige en waarme wike hân! En de tongersdeis hong yn it hiele doarp fansels wer in ‘pankoeklucht’ fan al dy pankoekheiten, -memmen, -pakes, -beppes, -buormanlju en -buorfroulju dy’t der foar soargen dat elts wer sêd koe.

Foar tropyske tempera-tueren hoegden we dit jier net fier fuort en foar fermaak ek net. Troch de Kulturele Haadstêd brûze de provinsje fan de aktiviteiten, mei as letterlik hichtepunt, de Reuzen fan Royal de Luxe.

WEIDUM RÛN ÚT!
Mar de grutste reus swom op sneontemoarn 18 augustus om 5.30 oere it Weidumer Hout foarby. Wat wie it prachtich dat der safolle doarpsgenoaten útrûn wienen om him oan te moedigjen. De NOS die der sels ferslach fan en sa kaam it dat Franci en Loeske de hiele dei foarby kamen yn it NOS-journaal. It ferhaal fan Maarten van der Weijden en syn swimalvestêdetocht waard dat wykein hieltyd grutter en we witte wat dat opbrocht hat foar kankerûndersyk; geweldich!
We sluten de simmerfakânsje ôf mei in tige slagge Froulju’s PC! Mar no wer ‘back to bussiness’. Ek foar ús binne de knytsjedagen wer foarby!

STÂN FAN SAKEN KLOKLIEDEN
Mar stilsitten ha we dizze simmer net. Foaral de tsjerkeklokken ha guon fan ús bot dwaande holden. It Nut en de Tsjerke binne nei de gearkomste yn it doarpshûs starten mei it sykjen fan budzjet om it oerwurk te restaurerjen en in opwynautomaat ta te heakjen. Boppedat wolle wy ek besykje om it tiidlieden mei de grutte klok om 8.00, 12.00 en 18.00 oere te automatisearjen. Yn gearwurking mei de Tsjerke ha wy ferskate fûnsen frege om in bydrage. Oant no ta hat dat al in moai bedrach fan € 7.000-, opsmiten. De opbringst fan de ‘crowdfundings’aksje (wa betinkt hjir in moai Frysk wurd foar?) is geweldich!
De Weidumers ha meielkoar mear as € 3.800,- opbrocht. In fantastysk resultaat! Mei de stipe fan it Ryk en de bydrage fan de Tsjerke is der no genôch jild om te starten mei de restauraasje fan it oerwurk en it taheakjen fan in opwynautomaat. Dan kinne wy it takommende jier de klok op it hiele en heale oere yn it hiele
doarp wer slaan hearre.

It is noch net wis oft it tiidlieden mei de grutte klok trije kear deis trochgean kin. Der is noch net genôch jild binnen om dy kosten te beteljen. It kostet in dikke €9.000,- ekstra en dat is der noch net. Sa’t it no stiet komme wy noch € 7.000,- tekoart. Der rinne noch in pear oanfragen by fûnsen, mar dat keallet dreech.
Wy binne der noch net wis fan oft it slagget dat wy it bedrach noch ergens fine kinne, mar wy dogge ús bêst.
Alle Weidumers, dy’t in bydrage oermakke ha,  tige tank foar jim stipe! Wa’t noch wat oermeitsje wol; it kin noch: bankrekkening NL 39 RABO 0330 8049 52 fan It Pleatslik Nut. Graach fermelde Klokken Weidum.

POEPSAKEN DIEL II
De hûnepoepbakken dy’t earder dit jier pleatst wienen, binne ferpleatst. De bak dy’t op it Sânpaed by it monumint stie, hat no in plak krigen oan ’e ein fan de Idzerdaleane. De bak dy’t op de Hanialeane stie, is no te finen op de Bornialeane tsjinoer de glês- en kleankonteners. We ha bûten Weidum no ek in tredde bak. Dy stiet by de blikfanger oan de Dekemawei. De blikfanger wurdt nei’t we dêr ferskate kearen oer belle
 hienen, no ek regelmjittich lege.

BOARTERSTÚN                                                                    
It gers is ynsiedde en der kin dus hast wer boarte wurde yn de boarterstún! As de read/wite linten fuort binne is de boarterstún wer iepen. Doe’t dizze Rûnkranter nei de drukker gie, wie dat noch net it gefal, mar hâld de linten dus yn ’e gaten.

WIZIGING STATUTEN NUT
No’t wy ûnder de gemeente Ljouwert falle, krije we elk jier doarpssubsydzje. Dizze subsydzje rint fan 1 jannewaris oant 31 desimber. Wy moatte ús boekjier dêr op oanpasse en dêrom de statuten feroarje. De statuten binne fêststeld yn 1992, dus bedragen binne noch yn gûnen. Dat feroarje wy dan no ek. Statutenwizigings moatte wy foarlizze oan ús leden, dat is wetlik sa regele. De nije statuten lizze dêrom te besjen by de bestjoersleden fan 15 novimber 2018 ôf. Op 22 novimber (20:00 oere yn it Doarpshûs)  is der in ledegearkomste mei ien punt op de wurklist: oanpassing fan de statuten. Binne der net genoch leden oanwêzich, dan folget in wike letter om 20:00 in twadde gearkomste yn it doarpshûs mei itselde ûnderwerp. As der gjin beswieren binne, kinne we dêrnei oergean ta wiziging fan de statuten.

Fragen, opmerkings of oare saken dy’t jim kwyt wolle oan It Nut? Lit it ús witte! 
Groetnis fan it bestjoer,

Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heeger, Sijtse-Auke Flapper en Tialde Ploegh.

« werom