Premiêre foar Rosanna útsteld

Wizige op 28-01-2016, 11:00:24

Premiêre foar Rosanna útsteld

Wy wienen der hielendal klear foar: nei in lytse tolve wike repetearje soe ôfrûne freedtejûn Foar Rosanna yn premiêre gean. Doe hearden we dy middeis dat ien fan ús haadrolspilers net lekker wurden wie en dat dit serieuzer wie as in grypke. Nei goed oerlis is besluten om de premiêre earst in dei út te stellen. Op doktersadfys hawwe wy no besletten dat de spylster in pear dagen rêst hawwe moat om folslein te herstellen. 
Dit betsjut dat wy kommende wike freed 15 jannewaris yn premiêre geane. Wy soargje derfoar dat we dan wer op en top klear derfoar binne.

Minsken dy’t kaarten kocht hawwe foar 8,9 of 14 jannewaris: hjirûnder steane de ynheldagen.

Freed 8 jannewaris wurdt ynhelle op freed 22 jannewaris : oanfang 20.15
Sneon 9 jannewaris wurdt ynhelle op sneon 23 jannewaris: oanfang 20.15
Tong. 14 jannewaris wurdt ynhelle op tong. 21 jannewaris: oanfang 20.15

Foar 21, 22 & 23 jannewaris binne noch in hânfol kaarten beskikber.

« werom