Tjerk, Anke, Jorrit, Roelien, Yme & Pyke skitterje yn Jorwert

Wizige op 14-09-2019, 17:13:08

Tjerk, Anke, Jorrit, Roelien, Yme & Pyke skitterje yn Jorwert

Stjer yn it tsjuster is de perfekte foarstelling foar Jorwert, it doarp dat mei syn jierlikse iepenloftspul alle jierren wer in enoarme cast oan spilers, musisy en dûnsers op ’e planken yn de notaristún wit te krijen. It stik is basearre op Lars von Trier syn film Dancer in the Dark, mei de Yslânske sjongeres Björk yn ’e haadrol. Al is it de film net oan te sjen: Von Trier en Björk moatte elkoar sawat de tinte útfochten ha. Jorwert dêrfoaroer is in waarm bad fan entûsjasme en ienriedigens. Dat jildt sels it publyk dat yn ’e hannen klapte doe’t it sneontejûn te hearren krige dat, om de tongerbuien dy’t oer de notaristún kamen, de premjêre in dei letter plak fine soe.

Les fierder op:https://www.demoanne.nl/stjer-stjerren-en-stjerre-yn-e-notaristun/

 

« werom