Wat dochsto no?

Wat dochsto no?

Tjitske Sytema-Algra Wat leuk om in tillefoantsje fan Janny Bottema te krijen, mei de fraach om wat te skriuwen foar de rubryk Wat dochsto no?. Ik wie fuort wer werom op de Kinsck fan Roptawei en op it Sânpaed. No’t myn âlders yn Mantgum wenje, kom ik yn Weidum allinnich noch mar oer de Hegedyk. Dêrom leuk om yn myn herinneringen wer troch it doarp te draven en te fytsen. No bin ik ‘noch mar’ 33 jier, dochs ha ik wol efkes blêdzje moatten troch myn herinneringen. Hjirûnder in greep út dy oantinkens en, om jim in byld te jaan, in pear foto’s fan doe en no der by. Boartsje en de natoer Ien fan de earste herinneringen is it polsstokspringen. Einleas oefenje by de kikkertsleat dy’t by it keatslân lâns rint en wat letter de greiden yn. Of beamke klimme yn de boskjes by de Idzerdaleane. Fantasearje en frij wêze. Us mem dy’t as de bêste wist hoe’t je in moaie hutte meitsje moasten of in echte pylk en bôge fan wylgetûken. Wat âlder, gie it boartsjen oer yn sporten. Fytsâlvestêdetocht mei freondinne Ymkje Bouma út Reduzum. Moarns om fjouwer oere oan in grut board macaroni. Dan starte yn Boalsert; op de âlde weduwe sûnder fersnellings, trochtraapje! De oare moarns kertier foar achten wer op deselde fyts stappe om nei skoalle ta, en der fuort oan de oare kant wer ôffalle. Dochs mar wer opstappe en nei Ljouwert. Tsjintwurdich hearlik mei de mountainbike yn de bosken fan Bakkefean fytse. Of lekker skeelerje. Tennisje op de baan yn it bosk. En fansels te draven. Oer de sêfte boskgrûn, hearlik mei de holle yn ’e wyn. Myn man Jelmer en ik binne beide gek op Skiermûntseach. Neat lekkerder om moarns betiid de wekker te setten, rinskuon oan en leafst noch foar’t de sinne opkomt op ‘en paad te gean. Earst nei de bunker; sjen hoe’t de sinne omheech komt. En dêrnei troch nei it uterste puntsje fan de Balch. Wat leuk om letter de 10 km. Monnikenloop te draven, op ús ‘eigen’ eilân, mar wer fanút in hiel oar perspektief. Boartsje is ek muzyk meitsje: 10 jier lang mei hiel folle nocht by de Harmonie op de bugel. Tsjintwurdich op de piano, op les by beppe yn Burgum. Leare en wurkje Wat fûn ik it leuk om op skoalle nije dingen te ûntdekken en te learen. Earst op de beukerskoalle neist de tsjerke. By juf Feikje yn de klasse. Doe nei de nije basisskoalle. Ik siet dizze seis jier yn de klasse by Nynke Laverman, Roel Bosma, Hindrik Kooistra, Annemarije de Jong, Jan Pieter de Boer, Elly Wiersma en Tamara Galema. Dêrnei tegearre mei Nynke nei de SSG yn Ljouwert. Nei de middelbare skoalle ferhúzje nei Delft; Industrieel Ontwerpen studearje op de Technische Universiteit. In hiele leuke stúdzje, dêr’t ik my oan de iene kant hielendal útleve koe op myn leafde foar rekkenjen (berekkeningen meitsje fan soms wol fjouwer kantsjes lang) en oan de oare kant folle leare oer technyske aspekten fan apparaten; sels weerstandsjes en in processor op in printplaatsje soldearje, om dy dêrnei op de kompjûter oan te sluten en te programmearjen ta in rekkenmesine. Spitigernôch ha ik ûndertusken al lang wer fergetten hoe’t ik dat doe die. Hoe leuk ik de stúdzje ek fûn, der bleaune safolle oare gebieten dy’t ik ek hiel nijsgjirrich fûn. Puer om dy nijsgjirrigens temjitte te kommen, gie ik yn de jûnsoeren Psychology studearjen yn Leiden. Nei in jier dy beide stúdzjes neist elkoar dien te hawwen, kaam ik der efter dat myn hert dochs mear lei by it minslike yn plak fan it technyske aspekt. Dêrom ferhuze nei Grins, dêr’t ik Orthopedagogyk studearjen gie. Sûnt 2005 wurkje ik as orthopedagooch by Talant. Yn 2007 ha ik myn postdoktorale oplieding ôfrûne en yn 2011 myn oplieding ta EMDR-terapeut. Op it heden wurkje ik op twa plakken; in bernedeisintrum (KDC) yn It Oranjewâld en poliklinyk De Swaai yn Beetstersweach. Op it KDC krije bern fan 12 oant 18 jier deibesteding. Dizze bern ha in ferstanlike beheining en kinne om dy reden net nei skoalle ta. Harren ferstanlike en emosjonele mooglikheden binne te fergelykjen mei dy fan bern fan om de twa jier hinne, wylst se yn it liif sitte fan pubers. De fase fan ‘ik ben twee en ik zeg nee’ jout yn dizze grutte liven in yndrukwekkende útwurking. Dêrneist is der by dizze bern ek faak sprake fan psychiatryske problematyk, lykas autisme, psychosen, hechtingsproblemen, en medyske problemen sa as epilepsy of spasmen troch beskeadigingen yn de harsens. Myn wurk bestiet der út dat ik ûntwikkelingsûndersyk doch nei it nivo fan de bern op ferstanlik, emosjoneel en sosjaal nivo en ûndersyk nei de aard fan problemen yn it gedrach. Op basis dêrfan advisearje ik de begelieders fan de bern yn de wize wêrop’t de bern it bêste ta ûntwikkeling komme kinne en hoe’t se it bêste grip krije kinne op in foar harren hiel ûnfoarspelbere wrâld. Dêrneist jouw ik by de poliklinyk fan De Swaai yn Beetstersweach traumabehanneling oan bern en jongeren mei in ferstanlike beheining en trauma. EMDR is in frij nije foarm fan trauma-behanneling, wêrby’t gebrûk makke wurdt fan eachbewegingen. Troch de belesting dy’t dizze taak op it geheugen jout, wurdt de heftichheid fan de emoasjes fan it trauma minder. De terapy is oarspronklik ûntwikkele foar normaal begaafde folwoeksenen en freget dus wat oanpassings foar de bern en jongeren dêr’t ik mei wurkje. Mei kreativiteit slagget it faak om yn gearwurking mei harren de ynpekt fan it trauma op it no wat minder wêze te litten. Heftige saken, mar wurk mei in soad foldwaaning. Myn gesin en de fijne minsken der om hinne En wat in moai byld jouwt dat. Dêr rinne de freondintsjes Nynke en Tjitske oer it Sânpaed, tegearre efter harren bernewein mei de poppe der yn. Hast 30 jier letter, wer beide freondinnen efter de bernewein, no mei harren eigen soannen der yn. Hiel besûnder. De bernewein dy’t ik doe trouwens wûn hie mei in kleurwedstriid bij de 4=6. Wat wie ik dêr wiis mei! Werom fan skoalle rinne, by de winkel lâns. En altyd even in praatsje mei Andrys; ‘hoe is’t mei de ferkearing?’ Dierbere herinneringen ha ik oan it boartsjen mei Hindrik; kanofarre (ik efteryn, want it swierste:)), kikkerts fange, aaisykje, hutten bouwe op de heasouder, en mei syn âlders mei de ‘Twilling’ op fakânsje. Ik hie doe net betinke kinnen dat ik letter sels mem wurde soe fan in prachtige twilling. Yn de wykeinen nei ús heit yn de stêd. Wat in ferskil mei it wenjen yn in doarp. Tegearre mei Halbe belibbe ik dêr de grutste avontoeren. En by tekoart oan beammen klommen we ek graach op de dakken fan de huzen en skoallen. Doe’t ik 18 wie, trof ik Jelmer dy’t krekt as ik like gek wie op polsstok springen, bûten boartsjen, moaie boeken lêze, lekker te farren. Undertusken ha we no trije moaie keareltsjes krigen!! Tije is fjouwer jier. Hy fynt it prachtich om troch it bosk te draven, te goaien mei blêden krekt as snijt it, op syk nei lekkere boekenútsjes om te iten en fansels sykje nei de kabouters yn de poddestuollen. Schelte en Pier binne dit jier yn augustus berne. Wat in moai gesicht om net ien, mar twa kopkes neist elkoar yn it ledikant lizzen te sjen. Se komme no yn de fase dat se elkoar ûntdekke; neat leukers as elkoar oan de fingers of oan de earen te lûken :). Gesin en natoer kombinearje; genietsje fan de geselligens yn it Mantgummerhúske by ús mem, Lodewyk en Renske en genietsje fan it prachtige útsicht. Yn de winter de redens ûnderbine yn de wenkeamer en dêrnei sa de Swette útstreekje… Lit dy kâlde winter mar komme!! Sa wat yndrukken fan myn tiid yn Weidum en de tiid dêrnei. Wa wit, fêst noch wol ris oant sjen yn Weidum!! Waarme en hertlike groeten, Tjitske Sytema-Algra

« werom