Wat dochsto no?

Wat dochsto no?

Wat dochsto no? Wat doch ik eins. Wat ik no doch is net sa dreech om op papier te setten, mar wat ha ik oant no ta allegear by de ein hân? Der komme fuort in pear oantinkens fan froeger by my op. Mar ik sil by it begjin begjinne. Ik bin Gerbrig Wiersma en ha jierren (sa’n 21 jier en yntusken ek sawat de helte fan myn libben) mei ús heit en mem (Hielke en Wietske) en myn jongere broer Jan Watze op it Wiel wenne, it earste hûs efter de âld molkfabryk. Wat in romte om te boartsjen op it fabryksplein. Wy ha in soad bûten boarte. Mei in polsstok de fjilden yn en ik kaam dan ek faak net droech thús. It sleatsje neist frou Talsma en it sleatsje neist Jan en Jelly Boersma koe ik soms noch droech oer komme, mar ik ha ek gauris in wiet pak hân. En foar myn gefoel koenen wy alle winters ride. Nei skoaltiid noch even Weidum om. Earst rjochting Bears en dan even by pake en beppe oan dy’t op de helte fan de reis wennen (Van der Wal, neist de Bistro). En dan oer de Swette wer op nei hûs. En fansels de Baarderadieltocht en de Acht fan Jorwert. En no noch fyn ik it geweldich om op redens te stean, mar dan wol op natueriis. Sa as wy twa jier lyn mei de bern de Swette op west ha te riden, hearlik! Myn earste skoaljierren wienen op de beukerskoalle yn Weidum, by juf Feikje en juf Richt. Ik waard troch Skelte mei it buske fan hûs helle en wer thúsbrocht. Dêrnei nei de legere skoalle yn Bears. Alle dagen op it fytske oer it klinkerdykje. Yn it twadde jier sieten der tefolle bern yn it lokaal en dat mocht doe net fan de minister (neffens my mochten der 25 yn in lokaal sitte). Sa binne wy mei ús trettjinnen nei de konsistoarje yn Weidum setten, dat wie ús skoalle foar in jier. Wy makken gebrûk fan it skoalplein fan de beukerskoalle. Dat jier wie hiel spesjaal. Ik fûn dat wy ek in hiele gesellige klasse hienen. Dy klasse bestie út Sepkje Tamminga, Erna Bijma, Maaike Bossema, Trudy Mantel, Mariska de Boer, Ritske de Jong, Klaas de Jong, Alexander Jorritsma, Jan Sikkema, Duco Bosma, Teake Tamminga en Beart Pieter Keestra. Nei dait jier werom nei Bears om yn de fyfde klasse werom te gean nei de nije skoalle yn Weidum: It Pertoer. Ik sjoch werom op in moaie skoaltiid, benammen de lêste jierren fan de legere skoalle. Geweldige skoalreiskes nei Bakkefean! Nei skoaltiid wie der tiid foar sport, gymnastyk en keatsen. Ik ha altyd mei in soad nocht keatst. En neffens my hat Weidum ien fan de moaiste keatsfjilden yn Fryslân. En fansels siet ik by it korps. Foar my yn elts gefal ‘fansels’. Tegearre mei ús mem by it korps. Ik bin mei Sepkje, Erna en Maaike begongen op de bugel. Nei sa’n 10 jier op de bugel krige ik in kâns op de saksefoan. Dait ha ik jierren dien, oant sa’n 2,5 jier lyn. Doe bin ik stoppe mei muzykmeitsjen. Mar gelokkich spilet ús soan Rutger ek saksefoan sadat ik sa no en dan dochs noch even blaze kin…. Nei de legere skoalle bin ik nei de SSG yn Ljouwert gongen en ha hjir úteinliks myn Havo diploma helle. Nei de Havo bin ik nei de HEAO gongen en ha dêr de rjochting Commerciële Economie dien. Neist myn skoalle hie ik mei Rixt Bottema in sneons- en fakansje baantsje by V&D. Earst yn de winkel en nei in oantal jierren bin ik op de administraasje bedarre. Nei it heljen fan myn HEAO diploma koe ik full time by V&D op de administraasje oan de slach. Om mear te learen ha ik ek by V&D yn Snits wurke as haad fan de administraasje en dêrnei ek noch yn Deventer en Swolle. Mar dat binne hiele einen om alle dagen mei de trein fanút Ljouwert te dwaan. En doe wie der wol plak foar my yn Rotterdam. Mar ik seach it net sitten om yn Rotterdam oan ’e slach te gean. Dus op syk nei wat nijs. En dat waard it UWV (doe noch GAK). Nei in ynterne oplieding waard ik beslisser claim op de ôfdieling WW. Dat hâldt yn dat je beoardielje moatte oft immen rjocht hat op in WW-útkearing en hoe heech en lang dy útkearing wêze moat. Dat is soms dreech omdat je oan in oar syn ynkommen komme. Mar wy ha gjin frijheden om fan de wetlike regels ôf te wiken. Ik ha dat wurk fjirtjen jier dien en bin foarich jier op deselde ôfdieling begongen as mentor. Dat hâldt únder oare yn dat ik ynstrukjes jou oan de meiwurkers. Dat kinne nije meiwurkers wêze, mar ek bygelyks wetsferoarings foar de sittende meiwurkers. Ek binne je as mentor in riejouwer foar alle fragen dêr’t in meiwurker sels net útkomt. En je ha as mentor ek gauris oerlis mei it management oer saken dy’t oars kinne en oer de gong fan saken. Al mei al in hiele ôfwikseljende funksje wêryn’t ik it tige nei ’t sin ha. Ik wurkje no noch yn Ljouwert, mar oer in pear jier ferhuzet it UWV nei Grins. Spitich, mar it is net oars. Mar it soe al earder en dat is doe net troch gongen, dus je witte mar noait. Mar ik gean der al fanút dat it mei sa’n fjouwer jier wol dien is yn Ljouwert en dat ik dan wat langer yn de trein sit. Yn de simmer fan 2000 binne wy (myn man Jaap en ik) yn in nijbouhûs yn Mantgum kaam, oan de Mantgumerfeart. Wy ha in soan Rutger fan 11 jier en in dochter Rikst fan hast 8. Ik ha it drok mei it keatsen foar de bern by keatsferiening Jacob Klaver; ik sit yn de jeugdkommisje ( JK fan JK). Dêrneist mei ik graach kuierje. En op sneon bin ik op de fjilden te finen by it kuorbaljen fan de bern. Sels bin ik der net grut mei wurden, mar it is in moaie sport om te sjen (en neffens de bern ek om te dwaan). Simmers meie wy der graach op út gean mei de tinte. Wy witte noait wêr’t wy bedarje, dat sjogge wy wol as wy fakânsje ha. It hinget fan it waar ôf. As it mar in bytsje knap is, dan hoege je net sa fier, mar as it hjir wat suterich is, dan sykje wy wat fierder fuort in plakje. Mar wy kinne net fuort as der Spulwike is. Want dêr ha ik as bern mei in soad nocht oan meidien en letter ek yn de lieding sitten. En no dogge de bern graach mei mei oan de Spulwike. Want ek Spulwike heard der by. Ik tink dat de fraach wat dochsto? mei boppesteand ferhaal aardich beantwurde is. Mei freonlike groetnis, Gerbrig Wiersma.

« werom