Weidumer Wietske nei British Racing School

30 jannewaris 2016

Wizige op 28-11-2019, 11:13:54

Weidumer Wietske nei British Racing School

BRON: SKILLE

Hynderfamkes, we kinne se allegear. Mar hokker lyts famke wit fan har grutte hobby letter ek har wurk te meitsjen. En hoe dogge je dat? Wietske Bijlsma (15) fan Weidum hat har sin set op in karriêre yn in wrâld dy’t inkeld en allinnich om hynders draait. Nei it beheljen fan har TL diploma oan it RSG yn Snits sil se nei Ingelân. Nei de British Racing School. 

As lyts famke dreamde Wietske der fan om juf te wurden, mar nei’t se yn de earste klasse in boek lêzen hie oer de drafsport waard har ynteresse hjirfoar al mar grutter. Se ferdjippe har yn de hynstesport en ûntduts dat der spesjale opliedingen besteane om jockey te wurden. Alteast yn Ingelân. Yn oerlis mei har âlden skreau se in e-mail nei de skoalle mei gefolch dat se op gesprek komme mocht. Alle jierren hat de BRS (British Racing School) sa’n 800 oanmeldings fan jongerein dy’t deselde dream hawwe as Wietske. 400 hjirfan meie op gesprek komme en omtrint 300 wurde ek echt op de oplieding oannommen. De skoalle hantearret strange betingsten. Hynderride is topsport en de sport wurdt yn Ingelân tige serieus benadere. Boppedat is de BRS net sa happich op studinten fan it fêste lân. Dizze learlingen geane ommers faakris werom nei Europa en smite de Britske sport yn dy sin neat op. 

Yn ‘e rin fan 2016 sil Wietske earst njoggen wike nei Ingelân wêr’t se deistich in tige strang program folgje moat. Moarns om 04:30 giet de wekker. Dan moatte der earst twa stâlen útmjukse en ien fan de hynders opsadele wurde. Hjirnei folget de earste training fan de dei. It is saak dat dizze training foar’t de sinne opkomt plak hat, dan is it kâlder en prestearje de hynders better. Om 09:00 stiet it moarnsbrochje klear, mei dêrnei opnij it opsadeljen fan ien fan de bisten. Middeis hawwe de studinten twa oeren skoft en ferskate teoretyske lessen sa as wiskunde, earste help en Ingelsk. Tsjin fjouweren wurde de stâlen foar de twadde kear útmjoksen. Jûns stiet der trije kear yn ‘e wike fitness op it program, dit bart bygelyks mei help fan in saneamde horse simulator. Jûns nei achten is der in oerke frije tiid en om njoggen oere is it bedtiid. 
Nei dizze njoggen wike meie de studinten in moanne nei hûs. De learlingen dy’t trochsette en nei dizze fjouwer wike werom op skoalle komme moatte dan in staazje rinne fan tolve oant achttjin moanne by in trainer. 

Om oannommen te wurden moast Wietske minder dan 56 kilo swier wêze. It leafst sels 52 en in heale kilo. Dêrnjonken woene de dosinten fan BRS alles witte oer har ûnderfining en driuwfear. 
,,Dat is net foar neat. Je sette je libben op it spul, alle kearen as je de baan opgeane. It is echt net sa mar wat,” seit Wietske oer it petear. 
As se klear is mei de oplieding wol Wietske har racelisinsje helje, dan mei se pas echt de baan op as jockey. Je kinne dan noch in kar meitsje tusken steaple, mei hindernissen, of de flakke baan: ,,Dêr hawwe je je eigen ynbring yn. Ek by it kiezen fan it plak foar de staazje. Wolst nei in grutte stâl, of krekt in lytseren? En hokker kant fan de sport wolst op? Dat kinne je sels mei bepale. As ik klear bin wol ik miskien wol ride yn België. Of yn Tsjechië.”