Nijs fan It Nut

Nijs fan It Nut

De winter is wer foarby, wy ha hiel efkes op redens stean kind, mar natueriis of in moaie tocht hat der dit jier wer net ynsitten. De simmer komt der wer oan, tiid om mear nei bûten te gean en warber te wêzen yn de tún of om it hûs en te genietsjen fan ús moaie doarp.

Nei in nije gemeente
It Nut hat har de ôfrûne tiid wer ynspand om it doarp sa moai te hâlden en dêr’t it mooglik is ek wat te ferbetterjen. Wy binne dêryn bot ôfhinklik fan de gemeente, dy’t binnen har finansjele beheinings altyd omtinken hân hat foar ús ynbring. It jier 2017 is it lêste jier fan de gemeente Littenseradiel. Op 17 jannewaris 2017 ha wy foar de lêste kear oerlein mei de amtlike organisaasje. Wy sille de positive gearwurking mei it bestjoer en de amtners misse. Hoe’t it nei 2017 útpakke sil mei it kontakt mei de nije grutte gemeente Ljouwert witte wy noch net folle fan, mar dúdlik is, dat de ôfstân nei it bestjoer en de polityk grutter wêze sil.
Op 16 desimber fan it ôfrune jier ha wy foar it earst nei in gearkomste west fan de gemeente Ljouwert. Dȇr wiene neist It Nut ek alle oare ferienigings útnoege dy’t no subsydzje krije fan Littenseradiel.  It hat dêr bliken dien dat yn 2018 alle ferienigings noch subsydzje krije sa’t de gemeente Littenseradiel se altyd takend hat. Dy subsydzje moat foar 1 juny 2017 oanfrege wurde by de gemeente Littenseradiel. Fan 2019 ôf is de regeling fan de gemeente Ljouwert fan tapassing. As de regeling dan noch deselde is as dit jier, dan sil it hiel oars gean, mar wy moatte earst noch efkes ôfwachtsje op de fêststelling fan de regeling troch de gemeenterie.   

Bliuwt de Hanialeane wol in leane?
Lâns de Hanialeane stiene hiele moaie beammen. Foaral yn de maitiid stiene se fol yn bloei, en dat wie in prachtich gesicht. De gemeente hat alle beammen kapt, want der wiene mei de stoarmen al in pear omfallen en de oaren wienen ek net sûn mear. Wy ha de gemeente der op oansprutsen, dat der dan wol wat nijs foar yn it plak komme moat, want it is net foar neat in leane, net samar in strjitte. De earste reaksje wie dat der gjin nije beammen komme koenen want de plantstrook is te smel. Dus der koe allinnich soarge wurde foar wat struken. Yn gearwurking mei in fertsjintwurdiging fan de bewenners , hy wy der op oantrúnd om dan de plantstrook mar wat breder te meitsjen, want it karakter fan de Hanialeane moat wol wer sa wurde sa’t it wie. De gemeente hat no in nij útstel dien om yn de besteande plantstrook Noarske Esdoorns te plantsjen, en dêr ha wy mei ynstimd.

Enerzjykoöperaasje
Sûnt 22 novimber is de enerzjykoöperaasje Weidum formeel ta stân kommen en dy hat no in eigen bestjoer. Yn dizze Rûnkranter stiet it apart stikje oer hoe’t it der foar stiet.
It Nut en de Enerzjykoöperaasje lûke wol tegearre op, want It Nut fynt it tige belangryk dat dit inisjatyf goed giet en in soad draachflak yn Weidum kriget.

Ta beslút
Wolle jo graach wat kwyt oan It Nut of wolle jo graach dat der yn it doarp wat oanpast of taheakke wurde moat, jou it troch oan ien fan de bestjoersleden, Gertjan van der Meer, Franci de Groot, Tialde Ploegh, Sjoerd Swierstra en Steven Duursma.

« werom