Nijs fan It Nut

Wizige op 06-01-2019, 06:18:27

Nijs fan It Nut

De krystfakânsje stiet wer foar de doar. De tiid fan koarte dagen, donkere jûnen,lampkes, krystbeammen en byinoar wêze. Ek de grutte krystbeam stiet wer prachtich ferljochte op it skoppersfjild. It is sa fijn dat in fêste ploech minsken him hjir altyd mei rêdt. Heech tiid om dy minsken ris te betankjen. Net allinnich foar it opsetten fan de krystbeam, mar ek foar al dat oare wurk dat jimme altyd dogge foar it doarp: boarterstún en keatsfjild netsjes hâlde, prullebakken leegje, neam mar op. As it net bart falt it op, as it wol bart wurdt it mar hiel fanselssprekkend fûn. Mar dat fine wy seker net.
We binne hiel bliid mei sokke minsken yn it doarp: TANK! 
(Een vaste ploeg mensen zorgt er altijd voor dat de grote kerstboom op het veld staat, de speeltuin onderhouden wordt, het kaatsveld netjes is, de prullenbakken geleegd worden en noem maar op. Een woord van DANK is wel eens op zijn plaats.)

STÂN FAN SAKEN KLOKLIEDEN
It is rûn! De klokken sille wer klinke en we sille wer sjen kinne hoe let it is. Alle ynspanningen ha net foar neat west. Der binne fûnsen dy't ús fersyk honorearre ha en de tsjerke en de provinsje drage by. Mar net op it lêste plak hat Weidum sels ek manmachtich donearre! Betanke allegearre. Wy binne hiel der hiel wiis mei dat it slagge is. De wurksumheden geane sa’t it no stiet yn maart los en we hoopje it resultaat yn 2019 hearre te kinnen.
(De financiering is rond en er kan gestart worden met het restaureren en automatiseren van de kerkklokken. We hopen het resultaat in 2019 te horen.)

ÛNDERHALD
De gemeente hat op eigen inisjatyf in nij stek om it skopperfjild set. Sels sille we mei de ‘bult’ op it skoppersfjild oan ’e slach. Dy kin wol in nije opknapbeurt brûke. We ha by de gemeente ek melding makke fan ‘fermissing’ fan ús komboerd ‘Weidum’ oan de kant fan It Wiel en it ûntbrekken fan de gemeentenamme op it komboerd oan de kant fan de Dekemawei. We wachtsje ôf wat dêr fan terjochte komt, want neffens de gemeente wenje wy tsjintwurdich yn 'e stêd Wijdum.
(De gemeente heeft een nieuw hekwerk geplaatst om het ‘Skoppersfjild’. We zullen volgend jaar zelf met de ‘bult’ aan de slag. We hebben melding gemaakt van de ontbrekende/onvolledige komborden.)

WIZIGING STATUTEN NUT
Yn de foarige Rûnkranter ha we útlein dat we de statuten wizigje moasten om't wy ús boekjier oanpasse soenen. Dêrfoar wie it nedich in ledegearkomste te belizzen. Op de earste gearkomste wiene gjin leden ôfkaam, sadat we in twadde gearkomste hâlde moasten.
Op dizze twadde gearkomste kaam ien lid ôf, dy't ynstimd hat mei de foarnommen wizigingen. We kinne dêrom no oergean ta de wizigingen. Us boekjier rint tenei fan
1 jannewaris oant 31 desimber.
(Omdat het boekjaar van ‘It Nut’ aangepast wordt, moeten de statuten worden gewijzigd. Nu hiertegen geen bezwaar is gemaakt, kunnen we de statuten laten wijzigen.)

DOARPEBUDZJET
No’t wy ûnder de gemeente Ljouwert falle, krije we elts jier doarpssubsydzje. Dizze subsydzje wurdt fêststeld op basis fan it oantal ynwenners fan it doarp en It Nut kin dizze subsydzje oanfreegje. De strukturele subsydzjes dy't guon ferieningen alle jierren krigen, ferfalle. Yn plak dêrfan kinne ferieningen in oanfraach foar subsydzje yntsjinje by
It Nut. It doarpebudzjet is net bedoeld foar strukturele subsydzjes. It ôfrûne jier ha we dan ek drok dwaande west om belied te meitsjen foar de besteging fan it doarpebudzjet. Ek de ferieningen ha we dêr by belutsen. It doel is om de strukturele subsydzjes ôf te bouwen. We ha it al bepraat mei de ferieningen. Sy krije noch ien jier it bedrach wat se oars ek krigen. In jier letter sil dat de helte wêze en wer in jier letter neat mear. Ynsidintele finansjele stipe is fansels altyd mooglik. Wy sille alle jierren in plan meitsje foar it jier derop en foarlizze oan it doarp. We wolle jim op ús jiergearkomste yn febrewaris 2019 dêr graach oer byprate.
In útnûging dêrfoar folget begjin 2019.
(‘It Nut’ kan ieder jaar subsidie aanvragen bij de gemeente Leeuwarden. Wij zijn druk bezig vorm te geven aan hoe we dit dorpenbudget moeten gaan besteden. De structurele subsidies die bepaalde verenigingen kregen van de gemeente zijn namelijk vervallen. We hebben hierover ook overleg gehad met de betreffende verenigingen. We willen jullie graag bijpraten op onze jaarvergadering in februari 2019.)

DORPSCANON

De Stichting Fryslâns Ferline is dwaande mei it opsetten fan in webside oer de Canons fan de Fryske Doarpen. Op dy webside kinne alle doarpen en stêden fan Fryslan sjen litte wat yn dat doarp of stêd bysûnder is. Dat kin de skiednis oan de midsiuwen ta of fierder wêze, mar ek wat der hjoed-de-dei te sjen of te dwaan is. It projekt wurdt stipe troch Tresoar, Doarpswurk en Afûk. Der dogge al mear as njoggentich doarpen mei; sjoch www.dorpscanon.nl. It Nut en de Historische Kring sykje minsken dy’t meihelpe wolle mei it tagonklik te meitsjen fan de ynformaasje en dy te digitalisearjen.  Wa’t dat wat liket kin kontakt opnimme mei it bestjoer.
(‘It Nut’ en de ‘Historische Kring Weidum’ zoeken mensen die graag mee willen helpen de Canon van Weidum te voorzien van informatie en die te digitaliseren. Belangstellenden kunnen zich melden bij het bestuur.)

TINK DER OM
Ta beslút noch efkes dit! Mei dizze koarte en donkere dagen binne ynbrekkers wer mear aktyf. Wês meïinoar wer alert. Us buertprevinsje WhatsApp-groep hat al 73 dielnimmers! Foar mear ynformaasje of dielname, sjoch ris op www.wabp.nl.
(In deze donkere dagen zijn inbrekers weer meer actief. Wees samen alert. Onze buurtpreventie Whatsapp-groep heeft inmiddels al 73 leden. Kijk voor meer informatie op www.wabp.nl. Ook lid worden kan via die site.)

Wy winskje eltsenien hiele fijne dagen ta en in sûn en lokkich nijjier!
Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heeger, Sijtse-Auke Flapper en Tialde Ploegh.

« werom