Nijs fan It Nut

Nijs fan It Nut

It is noch gjin 9.00 oere en ik sit al te switten efter de kompjûter. It wurdt hjoed wer hast 30 graden. De simmer moat offisjeel noch begjinne, mar we ha al prachtige simmerdagen hân. Dat trof ek it Doarpshûs dat ôftrune sneon stil stie by har 50 jierrich (eins 51) bestean. In hapke, drankje en live muzyk. It wie in alderaardichste middei en jûn. Ek hiel nijsgjirrich wie de rintocht dy’t organisearre waard. Mei in koptelefoan op ’e holle by bysûndere plakjes ynWeidum lâns. Prachtige ferhalen fan entûsjaste fertellers oer ús  moaie doarp. We ha in protte leard.

Alvestêdekuiertocht

Yn de wike fan Himelfeart kamen de Alvestêderinners wer troch ús doarp. It wie de lêste kear dat boargemaster Liemburg de Alvestêderinners wolkom hjitte koe yn har gemeente. Yn Weidum stiene dêrom de flaggen wer kreas oan de Hegedyk en it grutte spandoek mei “Wolkom yn Littenseradiel” stie oan it begjin fan it doarp. Mannich ynwenner fan Jellum en Bears sil wolris efkes raar sjoen ha…  “hearre we no al net mear by de gemeente?” Want de de rûte fan de Alvestêdetocht soe earst by de Swette lâns, mar wie letter dochs oanpast.  Boargemaster Liemburg dielde mei de wethâlders koeke út oan de dielnimmers, wêrûnder ús doarpsgenoaten Eelke Tamminga, Johan Faber en “Nutter” Steven Duursma. Johan en Steven, lokwinske mei it útrinnen fan de tocht en Eelke, wat spitich datst blessearre rekke bist.

Boartersplak

It boartersplak by it keatslân kriget in opknapbeurt! We hawwe de tastellen wer keure litten en der is in oantal dy’t ynkoarten ferfongen wurde moat. We ha dêrom oanlieding sjoen om it boartersplak dan mar hielendal op te knappen en alle tastellen te ferfangen. Tjitske van der Meer en Jaqueline Dijkstra binne drok dwaande om dêr in plan foar te meitsjen en subsydzje te regeljen. Hiel fijn dat sy dat op harren nimme wolle. Nei de simmerfakânsje komme we noch mei in aksje by de doarren lâns om de lêste finansiering rûn te krijen.

Noch efkes dit
De simmerfakânsje stiet foar de doar en dat betsjut dat der aanst in protte Weidumers net thús binne. Wisten jo dat wy sûnt dit jier in buertprevinsje Whatsapp ha? Dizze app is bedoeld om it doarp feiliger te meitsjen, sadat je inoar warskôgje kinne as der wat oan ’e hân is. Mear ynformaasje hjiroer fine jo op https://wabp.nl/. Ek oanmelde is fia dizze site mooglik. Oanmelde kin ek troch in mail te stjoeren mei jo namme en telefoannûmer nei buurtpreventieweidum@gmail.com. We sille op ús jiergearkomste mear oandacht jaan oan it tema feiligens en oan de buertprevinsje Whatsappgroep.

Wy winskje jimme allegearre in noflike simmerfakânsje ta!
Gert-Jan, Steven, Sjoerd, Franci en Tialde

« werom