Nijs fan It Nut

Wizige op 25-07-2018, 10:47:27

Nijs fan It Nut

De simmerfakânsje stiet foar de doar. Mar wat ha we al in protte moai simmerwaar hân. Moai waar om te boartsjen yn ’e nije boartertún of in kuierke troch Weidum te meitsjen. Op 16 juny ha begelyks in protte Weidumers de bus naam nei it Wiel om dêr mear te witten te kommen oer de skiednis fan it Wiel. Wat wie dit wer in prachtmiddei, organissearre troch it doarpshûs. Nei de Wiel-kuier wer yn de bus mei ‘Framci’ en oanslutend in hapke, drankje en live muzyk by it doarpshûs. Ut betroubere bron fernamen we dat de plannen foar oar jier al wer smeden wurden!

GEMEENTE SAKEN/WENNINGBOU

It Nut hat de ôfrûne moannen in protte oerlis hân mei eksterne partijen. Sa ha we mei immen fan wenningbouferiening Elkien om tafel west. In nijsgjirrich pertear dat op 10 july in ferfolch krigen hat. Doe wie der in presintaasje oer it ‘woonbehoefte-onderzoek’ dat foarich jier plak fûn hat. Ek waard der mei belangstellenden trochpraten oer de wenbehoeftes. Wat dȇr útkommen is koe net mear meinommen wurde yn dizze Rûnkranter.
Op tiisdei 12 juny ha Gert-Jan en Franci mei in oantal minsken fan de gemeente Ljouwert in kuierke troch Weidum makke. Dat wienen û.o adviseurs, in foarman ûnderhâld, in ferkearskundige en de doarpenmanager.
Sa binne we yn ’e kunde kaam mei ambtners út ferskate disiplines en ha sy it doarp besjen kinnen.  

Nochris de oprop om alle saken te melden dêr’t je as ynwenner de gemeente foar nedich ha of melding fan meitsje wolle, te beljen mei 14058. It docht bliken dat dit noch net hielendal rint sa as it moat, mar alles moat wenne en leare! Hoe mear meldings hoe earder der wat dien wurdt.

BOARTERSTÚN

De nije tastellen steane! Krekt foar de Bangmapartij binne se pleatst, sadat der troch de bern alfêst boarte wurde koe. De boarterstún is noch net hieleldal klear. Der moatte noch falmatten en nij gers yn. Dit bart sa gauw mooglik. Op dit momint foldocht de boarterstûn dêrom noch net oan alle easken, dus is gebrûk foar eigen risiko.

KLOKKE-NIJS

Yn de foarige Rûnkranter ha jim lêze kinnen wêrom it sa stil is yn Weidum. Der is doe útlein dat it oerwurk fan de klok restaurearre wurde moat en der moat in automatysk opwyn-mechanisme oan taheakke wurde. Dat moat yn ien kear as de klok yn de wurkpleats is.
Dan kin de klok alle dagen wer de tiid oanjaan, de oeren slaan en hoecht it oerwurk net mear twa kear deis opwûn te wurden. Dat kostet ûngefear
€ 25.000,- en dȇr draacht it Ryk sa’n € 5.000,- oan by. As om acht, tolve en seis oere de grutte klokken ek automatysk liede moatte komt der noch sa’n
€ 9.000,- by. Wol it oerwurk en it kloklieden wer optimaal funksjonearje dan moat der dus maksimaal ca. € 29.000,- op it kleed komme.
Op 12 april 2018 hienen we hjiroer in byienkomst yn it doarpshûs. De opkomst wie grut! Alle oanwêzigen wienen unanym: gean foar it hiele pakket, dus ek liede om acht, tolve en seis oere. Op dit stuit binne It Nut en de tjerkerintmasters dan ek drok dwaande mei it oanskriuwen fan fûnsen om it jild byinoar te krijen. We hâlde jim op ’e hichte!

Wy winskje jimme allegear in hiele noflike simmer ta!
Groetnis fan it bestjoer,
Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heeger, Sijtse-Auke Flapper en Tialde Ploegh.

« werom