Nijs fan It Nut

Wizige op 25-10-2017, 19:27:00

Nijs fan It Nut

It nije skoaljier is alwer efkes ûnderweis en de hjerstfakânsje stiet foar de doar. In nij skoaljier is altyd spannend, mar hielendal as je foar it earst nei de “grutte skoalle” ta geane en alle dagen nei Ljouwert fytse moatte. De “brugpiepers” fan 2017 hoegden yn elk gefal it paad net kwyt te reitsjen want, mei troch ús doarpsgenoat Hendrik Haima, wie der in wier “Pieperpad” oanlein. 

It paad begjint yn Weidum en jout mei felkleurde pylken de rûte oan nei de ferskillende middelbere skoallen yn Ljouwert. Wat in moai inisjatyf. De rûte foar bern, dy’t oer Jellum-Bears nei Ljouwert fytse, wurdt ferbettere. Nei ’t de doarpsbelangen fan Boksum, Hilaard, Jellum-Bears en Weidum der lang op oanstien hiene, giet de Nijlânsdyk tusken Boksum en de spoarwei-oergong no folslein ticht foar auto’s en trekkers.

Beammen en blommen
De gemeente hat op de Hanialeane nije beammen plante. Se binne no noch lyts, mar dizzeNoorse Esdoorns’ bloeie aanst prachtich!  Ien fan de nije beammen hat it net rêden, mar de gemeente set dêr dizze hjerst noch in nijen del.  It bijeflinterlint, de strook blommen oan de râne fan it doarp dêr’t Marineke yn de foarige Rûnkranter al oer skreau, is no útbloeid. We hoopje dat de blommen takom jier wer opkomme, want it wie in fleurich gesicht en alle ynsekten wiene der wiis mei.

In nije gemeente en it listlûkkersdebat “Ljouwert en de Doarpen”
De weryndieling komt hieltyd tichterby. Op 22 novimber meie wy dêrfoar nei de stimbus. De gemeente Littenseradiel hie altyd in soad each foar de doarpen en it is de fraach hoe ’t dat aanst fanút it stedhûs yn Ljouwert wêze sil. Jim kinne dêr sels ynfloed op ha, want op tiisdei 14 novimber komme op útnûging fan de doarpsbelangen fan de tsien doarpen dy’t nei Ljouwert geane, alle listlûkers fan de politike partijen in hiele jûn nei it doarpshûs yn Weidum. Dȇr kinne jo dan útfine hokker partij it it bêste foar hat mei de nije doarpen. 
Oan de oare kant wolle de listlûkers ek graach fan de minsken út de nije regio hearre wat dêr libbet en wat de grutste soargen binne. Alle Weidumers binne dêr fan herte wolkom en lit foaral hearre wat jim fan it nije gemeentebestjoer ferwachtsje.

Filt-keunstprojekt
De bern fan de basisskoalle wurkje mei oan in keunstwurk dat út namme fan de tsien doarpen út Littenseradiel, dy’t aanst nei Ljouwert geane, as kado oan de gemeente Ljouwert jûn wurdt. It keunstwurk bestiet út tsien dielen, allegearre yn de foarm fan in doarp. “Filtkeunstnares” Truus Huijbregts út Baard makket dit keunstwurk mei de bern fan de basisskoallen. Der wurdt al hurd oan wurke en de bern ha in echte skieppehoeder mei skiep moete om te sjen wêr ’t wol wei komt.  

Jiergearkomste
De jiergearkomste fan It NUT is op tongersdei 30 novimber.
Neist de jierlikse agindapunten ha we ek oandacht foar it tema feiligens. We tinke wy dat it in tige nijsgjirrige jûn wurde kin! Jimme krije hjirfoar letter noch in útnûging.

Ta beslút
Wolle jo wat kwyt oan It Nut, dan kinne jo telâne by ien fan de bestjoersleden:
Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heeger, Sjoerd Swierstra en Tialde Ploegh.

« werom