Nijs fan It Nut

Nijs fan It Nut

It earste stikje dat ik út namme fan it Nut skriuw yn 2018 en it earste stikje as ynwenner fan de gemeente Ljouwert. Wy fergaderje de lêste tiid wat faker, want der komt foar ús as bestjoer bêst wol wat by sjen, sa’n nije gemeente. Sa ferfalle fan takom jier ôf de gemeentlike subsydzjes oan de ferieningen en kriget it doarp in doarpebudzjet dat It Nut beheare en ferdiele moat. En wêr’t de lyntsjes mei de gemeente Littenserdiel koart wiene, moatte we no ús wei wer wat sykje. Mar oant no ta ha wy goeie kontakten mei de nije gemeente. De doarpemanager Jitse de Vries is op ien fan ús gearkomsten west en hy hat ús wat op wei holpen. Ek mei Nij Baarderadiel (de tsien doarpen fan Littenseradiel dy’t nei Ljouwert gien binne) ha we dit jier faker oerlis. We rinne as doarpen faak tsjin deselde saken oan en it is fijn om dêr meiïnoar oer prate te kinnen.

GEMEENTE SAKEN / RIOELHEFFINGEN
Foar hast alles dêr’t je as ynwenner de gemeente foar nedich ha of melding fan meitsje wolle, kin belle wurde mei 14058. De measte minsken sille no ek de nije gemeentlike oanslach WOZ en ‘rioolheffingen’ ûntfongen ha. As jo gjin rioel oansluting ha, mar in ‘septic tank mei loazing op oerflakte wetter’, sjoch dan efkes goed nei de oanslach. It kin wêze dat de gemeente jo dochs ‘rioolheffingen’ yn rekken bringt. Dat kloppet net en dêr moatte jo sa gau mooglik beswier tsjin meitsje. Wy hearre it ek graach as dat sa is.

POEPSAKEN
Miskien ha jimme it al sjoen, mar der steane ûnderwilens twa nije ‘hûnepoepbakken’. Dy binne troch de gemeente pleatst. De gemeente hat net oerlein oer de lokaasjes, dus wy wolle de hûnebesitters yn Weidum graach freegje oan ús troch te jaan oft dit geskikte lokaasjes binne of oan te jaan wêr’t se oars better pleatst wurde kinne. Pûdsjes mei hûnepoep kinne dus tenei yn dizze bakken dien wurde. We wolle jimme freegje de hûnepoep net mear yn de oare prullebakken of yn putten te goaien. De oare prullebakken wurde nammentlik lege troch frijwilligers yn it doarp, dy’t de ynhâld yn harren eigen kontener goaie. Dat is dan ek net altyd like fris. Boppedat binne de bakken net folslein ôfsluten en stjonke se betiden gauris mei waarm waar.

SERIOUS GAME
Op 20 maart ha wy in ‘Serious Game’ spile. Net sa mar in spultsje, mar in oare manier om nei in fraachstik te sjen. Undersikers fan de Rijksuniversiteit Groningen en Stichting Partoer ha in spul ûntwikkele om it petear oan te gean. Wy mochten dit spul teste. Wy ha it brûkt om mei in oantal ferieningen en ynwenners fan Weidum te praten oer it
doarpebudzjet. 
It earste oere fan dizze jûn lei de fokus op de krêften en oandachtspunten fan it doarp. Wat wie it leuk om fan alle dielnimmers te hearren hoe bysûnder ús doarp eins is. In iepen doarp; in anargistysk doarp (we rêde ússels wol); fijne minsken; je fiele je gau thús en der kin in hiele protte. En it prachtige Weidum is de poarte fan ’e Greidhoeke, wolle we jimme net ûnthâlde. Mar ek de bedrigings foar it doarp waarden beneamd. Sa is it finen fan nije bestjoersleden foar ferieningen in hiele toer en misse we yn it doap starters- en senioarewenningen. Ek binne der soargen oer Nij Dekema en de basisskoalle; hoe komt it oer in pear jier mei dizze foarsjenningen? Fragen dy’t ek ús dwaande hâlde. It oare part fan ’e jûn gie oer de wize wêrop’t je it doarpebudzjet besteegje kinne. It wie in hiele fijne, learsume en positive jûn, dêr’t wy as Nut wer mei fierder kinne!

AED-TRAINING
Op 24 maart 2018 ha wy yn gearwurking mei it doarpshûs in AED-training organisearre. Johan Faber en Jeroen van der Gullik wurkje beide op de ambulânse en wiene ree om in training te jaan. De 15 dielnimmers ha yn twa groepen in hiele leuke en learsume les hân. Foar wa’t dat net wit: It AED-apperaat hinget neist de doar fan de eartiidse dokterspraktyk fan dokter Lukkes oan de Hanialeane 1.

BOARTERSTÚN
Sa as jimme fêst al sjoen ha, is de boarterstûn leech helle. Dat koe moai omdat der froast yn ’e grûn siet en dêrtroch it keatslân gjin skea oprûn hat. De nije tastellen binne ek al besteld. It duorret noch efkes foar’t dy pleatst wurde kinne. We hoopje foar ein april de nije boarterstûn klear te hawwen. Foar alle bern dus noch hiel efkes geduld. Ûnderwilens ha we ek in peaske-aai-aksje holden. Dy hat rom € 420,- opsmiten.
Tige tank foar jim bijdrage!  

Groetnis fan it bestjoer,

Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heeger, Sijtse-Auke Flapper en Tialde Ploegh.

« werom