Nijs fan It Nut

Nijs fan It Nut

It nije jier stiet foar de doar. Yn de folgjende Rûnkranter dy’t útkomt sil ik as ynwenner fan de gemeente Ljouwert in stikje skriuwe. Dan ha we ôfskied naam fan ‘ús’ gemeente Littenseradiel. Want wy fielden ús allegearre eins wol wat Littenseradielsters. Aanst binne we  Ljouwerters, “stadjes”. Mar eins kinne je it ek omdraaie. Ljouwert is aanst in stêd yn in plattelânsgemeente. Ik bin der wis fan dat wy der meiïnoar alles oan dwaan sille om ús doarpsnoarmen en -wearden te behâlden.
It begjin is der, it ‘Stadskantoor’ yn Ljouwert hjit tenei wer gewoan ‘Gemeentehuis’.

Wolle jo mear witte oer hoe’t alles wurket fan 1 jannewaris ôf yn de gemeente Ljouwert?
Op www.littenseradiel.nl  kinne jo hjir alles oer fine. Ek hat der in grut stik stien yn
Op ’e Skille fan 29 novimber 2017. Yn in byienkomst fan de soarchkearn binne wy al yn ’e kunde kaam mei it doarpetiim fan Amaryllis. Dat sil de taken oernimme dy’t no yn Littenseradiel troch it Gebietstiim dien wurde.

Listlûkersdebat en ferkiezings
Op 14 novimber koene we yn ’e kunde komme mei de politike partijen fan de gemeente Ljouwert. De listlûkers wiene goed fertsjintwurdige op it troch Nij Baarderadiel organisearre listlûkersdebat. Der wie ek in protte publyk op it debat ôfkaam. De partijen mochten harren yn trije minuten oan it publyk presintearje en dêrnei waard der debattearre oer prikeljende stellingen. Hiel opfallend wie dat hast alle partijen harren posityf útsprutsen oer in aparte opheffingsnoarm foar plattelânsskoallen. We sille sjen oft de partijen harren wurd hâlde sille. It hat yn elk gefal ek ús oandacht! In wike letter mochten we nei de stimbus. Ek it ‘NOS-journaal’ hie ús lokale stimburo yn Nij Dekema ûntdutsen. Weidum yn it it seis oere sjoernaal, prachtich. It opkomstpersintaazje wie by de stimburo’s yn Littenseradiel oer it generaal heger as it gemiddelde. Yn Mantgum kaam 62,45% nei de stimbus, yn Baard 61,08% en yn Weidum 54,18%. Dat is royaal heger as it gemiddelde opkomstpersintaazje yn de gemeente Ljouwert fan 40,59%.

Jiergearkomste
Op tongersdei 30 novimber 2017 wie de jiergearkomste fan de Enerzjykoöperaasje Weidum en
It Nut. Neist de jierlikse agindapunten wie der ek oandacht foar it tema feiligens. Wykagint Trinus Hoekstra hat de oanwêzigen ferteld oer ynbraakprevinsje. Wy binne in protte wizer wurden.
Sa ferjitte we nea wer de ‘Bulgaarkse metoade’ en sil der ynkoarten hjir en dêr fêst hing- en slútwurk út 1911 ferfongen wurde. Ek wie der omtinken foar de WhatsApp Buertprevinsje. In WhatsAppgroep wêryn’t doarpsgenoaten inoar op ’e hichte bringe kinne fan fertochte saken. Meiïnoar ha we in protte eagen en earen. Miskien dat jo it al sjoen ha, mar der hingje no ek buordsjes by de yngongen fan it doarp. Wa wit, skrikt it ôf! Oanmelde foar dizze groep kin op www.WABP.nl.

Yn de jiergearkomste ha we ôfskied naam fan Sjoerd Swierstra as bestjoerslid . We wolle Sjoerd tige tank sizze foar al syn ynbring de ôfrûne jierren. En foar syn lústerjend ear yn it doarp, lykas Gert-Jan dat sa moai sei yn de jiergearkomste. Sijtse-Auke Flapper is mei applaus op de jiergearkomste wolkom hjitten as nij bestjoerslid. Wy geane mei betrouwen it nije jier én de nije gemeente yn.

Wy winskje jimme hiele noflike krystdagen en alle goeds foar 2018! We treffe inoar it oare jier yn de plattelânsgemeente Ljouwert.

Gertjan van der Meer, Steven Duursma, Franci Heger,
Sijtse-Auke Flapper en Tialde Ploegh.

« werom