Datum:
25 jannewaris 2026
Oanfang:
12:45
Lokaasje:
Elfstedenhal Leeuwarden
Omskriuwing:
No kening winter him wer sjen litten hat wurd it wer tiid foar ús jierlikse besite oan de Elfstedenhal yn Ljouwert. Takom snein 25 jannewaris sil it heve.
We sammelje om 12.45 by de yngong. Entree is fergees foar leden fan de iisklup en jimme krije in konsumpsje. Graach wol oanjaan oft jimme komme. Dat kin op iisclubweidum@gmail.com (graach it tal bern en folwoeksene)
Fansels hâlde we it winterske waar wol yn’e gaten mocht it bûteniis ek betrouber wêze foar in ritsje.
Tsjintwurdich is een helm op’e baan yn Ljouwert ferplichte, nim dyn eigen mei. Op de baan hiere kin ek.
Mei-inoar meiride skeelt wer auto’s en sjauffeurs!
Oant snein!
iisclub Weidum