It Pleatslik Nut beherticht de belangen fan it doarp Weidum. Yn it bestjoer sitte fiif Weidumers dy’t sa’n tsien kear yn it jier fergaderje oer allerhanne saken dy’t mei it doarp te krijen ha. Jo kinne bygelyks tinke oan ûnderwerpen as strjitmeitsjen, restauraasjes, plannen mei it grien. It Nut hat oer dy saken geregeld kontakt mei de gemeente. Yn de maaitiid is de jierlikse ledegearkomste mei al of net in bestjoersoerdracht. Ek hat it Nut it behear oer it doarpenbudget. Ha jo fragen, in oanfraach foar it doarpenbudget of wolle jo lid wurde fan It Nut, stjoer dan in mail nei de skriuwer. Of kom efkes del by ien fan de bestjoersleden.
Bestjoersleden: Gert-Jan van der Meer (foarsitter), Anton Wijnstra, Franci Heerger (ponghâlder), Sytse-Auke Flapper(skriuwer) en Piet Siderius.
Hawwe jo wat te melden oan de gemeente dan kinne jo dat melde by de gemeente. Bygelyks oer losse tegels as oare bestrating, it meanen as oer oare dingen oangeande it gemeentlik grien, ôffal as gefaarlike situaasjes.
Klik op de link om wat te melden:
Melding aan gemeente