D’UM

Skrûts - in bysunder krystferhaal foar jong en âld

Datum:
29 desimber 2026

Oanfang:
19.00 oere

Lokaasje:
Johannes Tsjerke

Omskriuwing:

Toanielferiening Oefening en Vermaak spilet foar jim de krystfoarstelling Skrûts! It bekende ferhaal fan Skrûts is bewurke en oerset yn it frysk. In ferteller nimt jim mei yn dit bysundere ferhaal oer in man dy’t neat fan kryst ha moat en syn sinten it leafst stevich op’e bûse hâldt. Mar dan op in nacht, flak foar kryst, krijt Skrûts besite fan 3 bysundere gasten. Sy litte him sjen dat it libben ek oars wêze kin. Sil Skrûts nei harren harkje? En komt der dochs noch in bytsje krystgefoel yn syn hert? It ferhaal wurdt muzikaal begelieden troch Carel van Leeuwen op Cello. Wolle jim witte hoe’t it mei Skrûts ôfrint? Kom dan op tiisdei 29 desimber nei de Johannes tsjerke yn Weidum. Der binne 2 foarstellingen: - 19.00 oere - 21.00 oere Nei ôfrin is der in gesellige neisit yn it doarpshus fan Weidum Kaarten binne te bestellen fia www.oefeningenvermaak.eu of telefoanysk tusken 18.00 en 20.00 oere op nûmer 06-53681382. - - Folwoeksenen: € 7,50 Bern 7 o/m 15 jier:  € 5,- Jou jim op tiid op en genietsje fan in moaie, muzikale krystfoarstelling. Graach oant 29 desimber! It bestjoer fan Oefening en Vermaak Dieuwke, Jan Tiede, Anke, Yldau, Jan, Wybo en Jeltsje  

 

Skrûts - in bysunder krystferhaal foar jong en âld