Yngebrûknimming Klokken

Datum:
8 novimber 2019

Oanfang:
17.30 oere

Lokaasje:
Tsjerke

Omskriuwing:

Feestlike yngebrûknimming

Wy wolle it heuchlike feit dat it oerwurk wer rinne kin en de klokken wer de tiid slaan kinne mei alle Weidumers fiere.

Jo binne fan herte wolkom yn de Lytse Buorren op:

Freed 8 novimber

om 17:30 oere

by de yngong fan it tsjerkhôf

Nynke Laverman sil dan tegearre mei De Harmonie it Kulturele Haadstêdlied Seis oere thús nochris sjonge en dan kin foar it earst om seis oere de tsjerketoer it lûd fan de tiid wer hearre litte.

Wa’t net om seis oere thús hoecht te wêzen nûgje wy út om yn it doarpshûs der noch efkes oer nei te praten en der ien op te nimmen.

Wy hoopje op jim komst,

It bestjoer fan It Nut.