Harmonie Weidum
It begûn allegear yn febrewaris 1898 doe't njoggen Weidumers besleaten dat der, krektlyk as yn ferskate oare doarpen, in fanfarekorps oprjochte wurde moast. In kollekte yn it doarp brocht fl 95,- op en dat wie genôch om de nedige ynstruminten oan te skaffen en te begjinnen. Dat kwantiteit net altyd sillichmeitsjend is bewiisde it korps yn 1949, doe't ûnder lieding fan 'Master Schilstra' mei 18 leden op it konkoers yn Snits in earste priis mei lof en it heechste oantal punten fan de dei helle waard. It findel hong yn ien klap fol mei lauwerkrânsen en medaljes. Yn 1957 waard troch in útjefte fan 250 rinteleaze oandielen fan fl 10,- in drumband oprjochte. Letter waard troch de oanskaf fan lyra's, ksylofoans en marimba's de drumband omdoopt ta malletband. Yn 1975 is in majorettegroep oan it korps en de malletband taheakke. Likegoed it korps, de malletband as de majorettes ha yn 'e rin fan de jierren op konkoersen en festivals de nedige suksessen behelle en wy kinne dan ek grutsk wêze op ús muzykferiening.
« werom
Kontakt
Foarsitter: Janneke de Boer janne-ke@outlook.com
Ponghâlder: Pytrik Meindertsma
Sekretaris: Wietse van der Leest
Webside:
www.harmonieweidum.nl