It pleatselijk Nut

It Pleatslik Nut beherticht de belangen fan it doarp Weidum. Yn it bestjoer sitte fiif Weidumers dy’t sa’n tsien kear yn it jier fergaderje oer allerhanne saken dy’t mei it doarp te krijen ha. Jo kinne bygelyks tinke oan ûnderwerpen as strjitmeitsjen, restauraasjes, plannen mei it grien. It Nut hat oer dy saken geregeld kontakt mei de gemeente. Ek skriuwt It Nut yn oerlis mei de doarpsbewenners ien kear yn de tsien jier in doarpsfyzje. Yn de maaitiid is de jierlikse ledegearkomste mei al of net in bestjoersoerdracht. Ek hat it Nut it behear oer it doarpenbudget. Ha jo fragen, in oanfraach foar it doarpenbudget of wolle jo lid wurde fan It Nut, stjoer dan in mail nei de skriuwer. Of kom efkes del by ien fan de bestjoersleden.

« werom

Kontakt

Foarsitter Gert-Jan van der Meer, Sânpaed ,30 9024 ED Weidum, til. 2519872

Ponghâlder Franci Heeger, Wielsterdyk 27, 9024 BD Weidum

Leden:  Sijtse-Auke Flapper, Anton Wijnstra, Piet Siderius

Webside:
https://weidum.eu/nut