Keatsferiening Nije Kriich

Keatsferiening Nije Kriich is yn 1920 oprjochte. Nije Kriich organisearret alle jierren de Bangma Partij: in ôfdielingspartij foar mânlju, en de Froulju’s PC: de wichtichste partij foar de froulju haadklassekeatsters. Dêrneist organisearret Nije Kriich fansels ferskate partijen foar har leden, foar de federaasje en foar de KNKB. Foar de jeugdleden wurde alle wiken treningen holden en wy ha de mooglikheid foar (jeugd)leden om mei te dwaan oan kompetysjekeatsen. Wolle jo of jo bern ek keatse, dan kinne jo josels opjaan op weidum@nijekriich.nl of fansels fia ien fan ús bestjoersleden.

« werom

Kontakt

Wigle Anema, Skildyk 29, 9024 EN Weidum, 2890200

Jacqueline Dijkstra, Hegedyk 5, 9024 EB Weidum, 2519896

Hidzer v.d. Heide, Greate Buorren 21, 9024 EJ Weidum, 06-53781350

Mail: nijekriich@weidum.com

Webside:
www.nijekriich.nl/