Pjutteboartersplak It Pjuttekampke
Yn de foarskoalse perioade fan in bern (tusken twa en fjouwer jier) geane hast alle pjutten nei it pjutteboartersplak. Yn in oanpaste omjouwing komt de pjut yn kontakt mei leeftiidsgenoatsjes. Troch it boartsjen mei oare bern leare en stypje se elkoar. In bern moat him yn eigen tempo en op basis fan oanlis en sosjaal-kulturele achtergrûnen, optimaal ûntwikkelje kinne. It jonge bern moat him fertroud en feilich fiele yn it pjutteboartersplak en dat kin berikt wurde troch in omjouwing dy’t op it bern rjochte is en mei in fêste professjonele lieding. De lieding soarget foar in relaasje dy’t basearre is op leafde en betrouwen. Wichtich is dat de ûntwikkeling (motoryk, kognityf, spraak/taal, sosjaal, emoasjoneel, selsrêdsumens en kreatyf) sa optimaal mooglik ferrint foar alle bern. Dat wurdt folge fia in berne-folchsysteem, sadat achterstannen yntiids sinjalearre wurde kinne en begelaat. Yn dat ramt is der oerlis mei bygelyks húsdokters en spesjalisten, logopedisten, fysioterapeuten, wykferpleging en ûnderwizend personiel fan de basisskoallen, mar altyd yn oerlis mei de âlders. Der is in soad kontakt tusken de lieding en de âlders om’t wurke wurdt mei in rûlaasjeskema foar âlderpartisipaasje yn de groepen. Sa sjogge âlders it funksjonearjen fan it bern yn de groep en kin der oerlis wêze mei de lieding oer allerhanne saken dy’t it bern oangeane. Pjutteboartersplak It Pjuttekampke is oansletten by de Stichting Welzijn Middelsee: www.welzijnmiddelsee.nl Liedster: Meta Valk Iepeningstiden: 8.30-10.45 Deidielen: moandeitemoarn, tiisdeitemoarn en tongersdeitemoarn Lokaasje: It Pjuttekampke (IBS It Pertoer) Bumaleane 1 9024 ET Weidum
« werom