Sjongerij Weidum

Sjongerij Weidum is wer los. Us koar bestiet no al mear as 15 jier!! Us dirigente, Anna Bonnema út Harns, sy komponearret, arranzjearret en dirigearret noch ferskillende oare koaren. Sy hie der wol nocht oan om op snein noch in koar te begelieden en sy is entûsjast oer ús koarklank. En wy fine it hartstikke moai om ús repertoire út te wreidzjen mei nije, lekkere flotte, mearstimmige nûmers. It koar bestiet op it stuit út trettjin froulju en sân manlju. De measten binne Weidumers, mar der komme ek inkele sjongers út doarpen út ‘e omkriten. Wy sjonge op sneintemiddei fan 16.30 oant 18.30 oere yn it doarpshûs (tink der om, nét alle wiken, sjoch aginda Rûnkranter), dus kom rêstich ris del. De Sjongerij Weidum rippetearret fan septimber oant en mei april.

« werom

Kontakt

Lucy Brouwer Idzerdaleane 1 9024 EE Weidum 058-2519514