D’UM

Harm Hallema - Frijwilliger fan it jier

5 juny 2017

Fotograaf: Piet Douma

Harm Hallema krige fan ‘e moarn, Pinkstermoandei, in wiere aubade en dat hie Harm nét ferwachtte. Harm set him al jierren en jierren belangeleas yn foar Weidum, it Weidumer doarpshûs en Harmonie Weidum yn ’t bysûnder. 
Spile Harm eartiids noch de bekkens, it ambyld en de grutte trom, doedestiids hie Harm de kofje ek altyd klear yn it skoft fan ús repetysje. 
Tsjintwurdich soarget Harm derfoar dat uze kranten (foar de fliber…) kreas bewarre wurde en as âld papier wer in ynkomste is foar de gimmestykferiening. 
No ja, sa kinne wy noch wol eefkes troch gean: Al mei al is Harm al hiel lang, hiel warber yn en foar Weidum: Harm Bedankt!

Harm: ‘Je soene der wiete eagen fan krije… Mar dat dogge wy net!’

Boppedat is Harm hjoed ek nochris jierdei, hy is hjoed 80 wurden. fan herte lokwinske!

In spesjaal betankje oan Sabine en Jellie, foar it fersoargjen fan de karre fol mei lekker iten en drinken!

Frijwilliger fan ’t jier 2017: Harm Hallema 
Frijwilliger fan 't jier 2016: Klaas Rodenhuis
Frijwilliger fan 't jier 2015: Patrick Kramer (ôfwêzich yfm wurk)
Frijwilliger fan 't jier 2014: Ait Jan Bouma
Frijwilliger fan ’t jier 2013: Sjoerd van der Vegt 
Frijwilliger fan ’t jier 2012: Wybo Smids