Simmerkonsert 2022

10 july 2024

Fotograaf: Piet Douma

SIMMER

In prachtmiddei mei in hiele protte muzyk én in jubilaris;

Sepkje spile Concerto d'Aranjuez, de solo dy’t se ek spile op it Gouden Spiker Festival fan ’t maitiid. It wie nei it Survento Festival yn novimber ús twadde grutte optreden yn en om corona-tiid. Wat wie dat in rare tiid, foar eltsenien en dus ek foar ús muzykferiening. Noait earder repetearen wy online, noait earder yn de ôfrûne 124 jier lei ús feriening sa lang plat. Mar stil wie it alderminst; bûten oare leden stie Sepkje yn de tún te spyljen op 4 maaie, makke se muzyk by Nij Dekama, organisearre se online quizzen en dy ek sy mei oan de, hopeleaze, online repetysjes.

Sepkje do silst no wol skrikke, want wêrom giet dit oer dy?

Do bist ien fan de ûnmisbere skeakels binnen ús feriening. Jierrenlang hasto noed stien foar de jeugdoplieding, foar it bestjoer, ús muzikale ambysjes en kreative konserten. En noch altyd kinne wy op dy bouwe. Do bist ien fan de muzikale beakens binnen de fanfare en stiest altyd klear by optredens en aksjes. De boerekapel, spylje by it Jorwerter Iepenloftspul, unike projekten as Greidehert, de Blêdblazers en spylje by ferskate oare orkesten. Feikje, Sytse en Aaltsje hawwe alletrije jim muzikaliteit meikrige en tsjintwurdich spylje ek dyn neefkes en nichtsjes mei. Muzykmeitsje by Harmonie Weidum is by jimme, “de Tamminga’s”, écht in famyljeding. En witst? Dat dochsto, Sepkje, dit jier mar leafst 40 jier!

Leave Sepkje, fan herte lokwinske, wy hoopje noch hiel lang mei dy muzyk meitsje te meien!

Minsken, in fantastyske simmer tawinske!