De Rūnkranter, doarpsblźd Weidum, Jellum, Bears

De Rūnkranter, doarpsblźd Weidum, Jellum, Bears

Oan alle âlders fan IBS It Pertoer, De Rûnkranter is al 40 jier de doarpskrante fan de doarpen Jellum, Weidum en Bears. Fierwei de measte âlders fan IBS It Pertoer ha al in abonnemint op de Rûnkranter. Foar dejingen dy't de krante net kenne eefkes in koart oersjoch. De Rûnkranter is in Frysk- en Hollânsktalich blêd dat fan seizoen 2013/2014 ôf fjouwer kear yn it jier útkomt, meastal flak foar de skoallefakânsjes. Der stiet ynformaasje oer de trije doarpen yn: aginda's, in side fan it Nut, meidielings fan de húsdokter, ynfo oer kommende aktiviteiten, ferslaggen oer slagge happenings ensfh. Mar ek stikjes troch ynwenners sels skreaun: in resept, nijsgjirrige reizen, nije ynwenners dy't harren foarstelle. En fierder advertinsjes fan tal fan bedriuwen (mear as 50) út de doarpen. De Rûnkranter wurdt ek wol de “Skoallekrante" neamd, omdat de kopij eartiids op skoalle sammele en ynelkoar setten waard. Tsjinwurdich wurdt de krante drukt, mar de adverteardersynkomsten en ledenboekhâlding wurdt fan skoalle út dien. Ek nimt IBS It Pertoer in oantal siden yn beslach dy't hielendal fold binne mei ynfo fanút de direksje en it tiim fan de skoalle. En op fierwei de measte siden steane skreaune en tekene stikjes fan de bern. Altyd wer in feest as jo eigen bern derby stiet! De Redaksje fan de Rûnkranter bestiet út frijwilligers út de trije doarpen wei en ien lid fan it ûnderwizend personiel. Mei in pear byienkomsten yn it jier en in protte mailkontakt besiket dy, mei help fan noch mear frijwilligers yn de doarpen, in ynformele en nijsgjirrige doarpskrante gear te stallen. Op it stuit is der noch plak foar in redaksjelid út Jellum of Bears, al is it mar as kontaktpersoan. It is fijn om altyd goed op ’e hichte fan it nijs út de doarpen te bliuwen. De Rûnkranter kostet € 10,00 yn it jier. Dêr krije jo ien kear yn it jier in rekkening foar. De Rûnkranter wurdt besoarge troch de bern fan groep 6, 7 en 8 fan it Pertoer. Binne jo noch net abonnee en wolle jo dat al graach? Jou jo op by Jolanda Elsinga of Hanno Zomermaand fan IBS It Pertoer. As jo dat dogge foar 5 oktober krije jo de nijste Rûnkranter foar de hjerstfakânsje noch yn ’e bus! Ut namme fan de redaksje fan de Rûnkranter, Marineke vd Zijpp.

« werom