De Bumaleane is ferneamd nei de famylje Buma. Opfallend is it grutte tal leden fan dat laach, dat wurksum wie yn it iepenbier bestjoer, by justysje en by de kriichsmacht. Harren grêven binne werom te finen op it famyljetsjerkhôf yn Weidum dat yn "e winter fan 1825-1826 oanlein is. Nei it ferstjerren fan mr Wiardus Willem Buma in 1873 ûntstond de nei him ferneamde stúdzybeurs, de Bumaleen, dat hjoeddedei noch bestiet. De pacht fan de pleats Domnazathe (Buma-leen) yn Weidum hie njonken de pacht foar it Bumaleen ek de soarch foar it ûnderhâld fan it famyljehôf. De strjite Bumaleane is oanlein yn ± 1984.
« werom