De Idzerdaleane is ferneamd nei de bekende ingenieur en radiopionier Hanso Henricus Schotanus à Steringa Idzerda (?26 september 1885 - ?november 1944) dy’t,as soan fan húsdokter Henricus Steringa, yn Weidum berne is. Op 6 november 1919 om 20.00 oere fersoarge hy de earste radio-útstjoering yn Nederlân foar in algemien publyk. Dat wie boppedat de earste stjoerder op ‘e wrâld mei oankundiging foarôf en regelmjittige útstjoerings. Oan 11 septimber 1924 ta wist hy syn stjoerder mei de ropletters PCGG (Pracht Concerten Gratis Gegeven) yn ‘e loft te hâlden. Troch jildgebrek kaam der in ein oan dy pionierstiid. Wylst naam de Hilversumse NSF (Nederlânske Seintastellen Fabryk), mei stipe fan Philips, dy’t twa útstjoermêsten by Huizen beskikber stelde, de publike omroptaak oer. Idzerda boude noch wol in stjoerder foar it KNMI. Yn de perioade fan de Twadde Wrâldoarloch hold hy him dwaande mei fersetswurk. Ein 1944 is hy troch de Dútsers deasketten. It oantinken op ‘e hoeke fan de Idzerdaleane is foar syn radiowurk.
« werom