Sânpaed

Eartiids wie it Sânpaed yndied in sânpaad. Om 1910 hinne waard it ferhurde mei strjitstiennen. It Sânpaed rûn eartiids ôf in heechhout rjochttroch nei it westen ta, mear op ‘e pleats fan Swierstra oan. Yn 1940 is dat sa feroare dat er rjocht foar de Greate Buorren útkaam mei in fêste brêge, allinne foar fytsers. Yn ‘e jierren santich is de haven tichtsmiten. De brêge koe doe ferfalle en de strjitte waard rjochtlutsen nei de Greate Buorren.  

« werom