5 july 2024
Wizige op 20-09-2024, 11:42:40
(Ut de Rûnkranter fan juny 2016)
It doarpshûs fan Weidum bestiet 50 jier. Moaie oanlieding om it ferline op te heljen. Hoe wie dy begjintiid? Wat is der yn ’e rin fan ’e jierren feroare? In weromblik mei Harm Hallema en Klaes Tilma, dy ‘t beide in geweldige bydrage levere ha oan it doarpshûs sa as it der no stiet.
In nij doarpshûs, dêr sil it doarp wol bliid mei west ha yn 1966. No, seit Harm, we wiene der eins net sa foar, want sjoch der wie ek de kroech. Kroechbaas Gelf Okkinga wie der ek net bliid mei.
En it moast ek nochal wat kostje. Boargemaster Boelens wie dan wol mei it berjocht kaam dat der subsydzje wie foar in doarpshûs foar Weidum en omstreken, mar it doarp moast der noch aardich wat jild bylizze, 125 gûne de húshâlding!
Mar it gebou kaam der. It soe earst op it skoppersfjild mar dat mocht net en dus kaam it ‘tusken trije rûchskernen’ te stean: de pleatsen fan Aant List, Jan de Groot en Jan Monsma.
Gewoane jongens
De nije foarsjenning krige as motto ‘Troch Ienriedigens’ mei, mar foarsitter B.D. Schat liet by de iepening wol syn namme fêstlizze yn in plechtige stien. Mar Schat wie dan ek in ‘mynhear’. At der in belangrike fergadering wie, dan moast ‘mynhear’ der mar hinne, wit Harm noch. ‘Der wie folle mear ôfstân yn dy tiid’, is ek Klaes fan betinken. Foarsitter Schat wie direkteur fan it suvelfabryk, it bestjoer bestie fierder út boeren (lid fan de koöperaasje fansels) en dan noch in pear suvelarbeiders. Fan de jierren ‘80 ôf ûntstie der - yn Klaes syn wurden – romte foar gewoane jonges. Harm ferwurdet: ‘Klaas Visser, Johannes de Vries en ik wiene opposanten. Wy woene bygelyks op snein, nei it ledekeatsen, iepen. No, dat wie de oare bestjoersleden net nei ’t sin!’
Yn de notulen fan 3 novimber 1981 is werom te lêzen dat Johannes by it omfreegjen oankaartet oft der net hast in oare foarsitter beneamd wurde moast. ‘Omdat de heer Schat ons één jaar zou helpen en dit jaar haast om is.’ Klaes: ‘Johannes sei tsjin my: dat moasto mar dwaan, do kinst dat wol.’ Dat wie it begjin fan in lange perioade as foarsitter. Ek Harm hat hiel wat jierren bestjoerslid west. Der wie net ien op tsjin dat se kear op kear op ‘e nij beneamd waarden, mar der wie wol in formeel probleem. It bestjoer bestie út fertsjintwurdigers fan alle ferienings, mar je mochten der mar fiif jier yn foar dy feriening. Dus moasten se hieltiten oer op in bestjoerssit fan in oare feriening. Dan wie dat foar it korps, dan foar de toanielklup, dan foar de folleybalferiening. Klaes: ‘ik bin sels lid wurden fan de bejaardensoos!’
‘Gescharrel met de ruimte’
Yn it earstoan wiene der noch net safolle aktiviteiten yn it nije gebou. De gymnastyk wie der en ek de toanielútfiering. Mar de merke wie yn de kroech en in soad oare aktiviteiten ek. Ek de konsistoarje hold syn fêste hierders: it sjongkoar, de frouljusferiening. Mar stadichoan krige it doarpshûs mear funksjes: kapper Robert van Wieren siet der alle moandeis, de RABO-bank makke der gebrûk fan, it konsultaasjeburo hold dêr sprekoere.
Om 1970 hinne waard it kafee omboud ta bistro. ‘Het behoeft geen betoog dat het vanaf dat moment gescharrel met de ruimte was’, sa lêze we yn in rapport fan it stiftingsbestjoer út 1983. ‘Vergaderingen vinden, als ze niet te groot zijn, meestal plaats in de kleedlokalen tot ongenoegen van de sportverenigingen. Het biljart staat in de kelder onder het toneel, welke ruimte bedoeld was als opslag voor stoelen, tafels, enz.’ Koartsein: der moest ferboud wurde.
Klampe
Dat wie net de earste en ek net de lêste ferbouwing. ‘We ha in tiid hân dat der om de fiif jier wer ferboud waard’, fertelt Klaes. Hy hat se allegear meimakke, mar fûn it nei de lêste ferbouwing fan 2014 wol moai west. Alhoewol… ‘We ha eins noch noait genôch opslachromte. Oan de efterkant is noch in lyts stikje grûn, dêr soe noch wat by kinne.’ It sil syn timmermansbloed wol wêze.
De nijbou yn ’66 waard foar it grutste part dien troch timmerman Feitsma fan Bears en Van der Vegt út Weidum. Mar it grûnwurk waard troch frijwilligers oanpakt. ‘De kelder is hielendal mei de hân útgroeven. Dat barde trepsgewiis’, leit Harm út, ‘klampe hjit dat.’ De foto lit de frijwilligersploech sjen dy ’t dy put folbrocht.
Glaasje ranja
Fan de grutte útwreiding yn ‘83/’84 hat Harm hiel krekt ferslach byhâlden. Yn syn sjoernaal fan de earste dei lêze we dat ‘de grond meteen werd afgevoerd door Bouwe de Boer en Nico Oostra die dit werk zouden klaren voor een glaasje ranja’. Der wurdt op dy frijwilligersdagen ek wol wat oars dronken. Sa sil Sikke Hoitenga tee ynskinke foar it ploechje dat ûnder de flier fan de grutte seal dwaande is om liedingen oan te bringen foar gas en wetter. Mar hy kriget op syn roppen gjin antwurd fan de mannen. Ek Johannes de Vries kriget gjin kontakt. Bliksem, komt dit wol goed? (ARBO-proof wie dizze put fansels net). Mar hawar, tsien minuten letter sitte de hearen oan de tee, sa kin Harm yn syn ferslach fan dy sneon fermelde.
Harm die by ferbouwingen de koördinaasje fan de bouploech. ‘Dan belle ik de minsken op, do moast dy sneon en in oar moast dan wer op in oare sneon. Ik wie der sels alle sneonen.’ Net in mins is ûnmisber, mar it kin soms wol goed mis gean at je der krékt net binne. Baukje hie Harm einliks in kear sa fier krigen dat er op sneon nét nei it doarpshûs ta gong, mar mei nei Den Haach fanwege harren troudei. En prompt krigen op dy dei twa skilders spul.
Op sneon 6 april 1985 notearret Harm de lêste wurkoeren fan de ferbouwing: de ploech fan dy dei hat 51 oeren draaid en dêrmei komt de teller op 3258 oeren yn totaal. Utgeand fan in oerlean fan fyftich gûne is der foar in bedrach fan fl. 162.940 oan selswurksumens fersetten!
Flierbedekking
It idee wie dat de nije lytse seal in húslike sfear hawwe moast. En dus kaam der flierbedekking yn. Al nei ien kear Mukpop wie dúdlik dat dat net sa’n praktysk idee west hie. ‘It seach der út as in bist’, wit Klaes noch. Der is noch in skoft mei plastic wurke om de flier goed te hâlden, mar dat foldie net echt. Op Peaskemoandei soe de flierbedekking der út. ‘Ik bin net sa let thús’, beloofde Harm syn húsgenoaten. Mar it waard ál let en de famylje wie net bliid. Baukje: ‘Ik ha hiel wat jûnen allinnich thús sitten, mei de bern.’ Mei in laits: ‘Ik ha wolris sein: silst it bêd der hast net delbringe?’ Dat hie wol wat west want soms wie it sa gesellich dat Harm net in wink yn ’e eagen krige. ‘Gezelligheid kent geen tijd, zullen we maar zeggen.’ Douwe Brandinga stie wolris oant djip yn de nacht efter de bar en dan wie it op it lêst: ‘minsken ik moat hast oan ’t wurk!’, dan moast er om fjouwer oere op it fabryk wêze.
It moat leve!
It doarpshûs hat troch de jierren hinne hiel wat wrotters en wramers kend. Douwe Brandinga wie der ien fan. Fan dy ynset binne gjin oeren byhâlden, mar hy stiet seker yn de top-10.
Klaes: ‘Bestjoerslid Anema seach ris dat der nachts om tolve oere noch ljocht baarnde yn it doarpshûs. De oare deis ynformearre hy wat der te rêden wie. O, sei Douwe, ik wie mei de flier dwaande, dy moast noch skjin.’
Harm is noch altiten warber foar it doarpshûs, simmerdeis – tegearre mei Jaap Heida – yn it túnwurk, winters mei allerhanne putsjes. ‘It makket my net út wat it is, ik doch it mei genoegen.’ Klaes sjocht mei tefredenheid werom op wat der yn al dy jierren ta stân kaam is. ‘Sa’n doarpke en dan sa’n gebou! Mar foar my is it moaiste at ik mei myn hûntsje oer de dyk rin en ik sjoch dat der allegear drokte is fan minsken. It moat leve!’
Katja Westra.
PS
Wa' t troch dizze weromblik op 'e smaak kaam is fan it ferline, moat mar fêst de datum fan
21 novimber notearje. Dan is der yn it ramt fan it jubileum in jûn mei âlde filmkes: fan de ferbouwings, mar ek fan optredens yn it doarpshûs, de merke, it krystbal, ensfh. Noch mear nostalgy!