29 maart 2026
Wizige op 29-03-2026, 19:49:13

Weidummers, litte we Weidum mei elkoar noch moaier meitsje!
It Nut freget jim om mei jim buert as strjitte in plan te meitsjen foar it griener meitsjen fan Weidum.
Te tinken falt oan: blombollen, plantsjes, beammen, plantebakken, siedzje, perk plantsjes etc. Alles
wat jim mar wolle om jim eigen strjitten op te fleurjen.
It moaiste is dat it elts jier wer werom komt fansels.
Gean mei jim buertgenoaten om de tafel en meitsje in plan. Leverje jim plan mei in skatting fan de
kosten yn by It Nut. It Nut besjocht de plannen en sil foar elts plan in finansjele bydrage beskikber
stelle. Wat de bydrage wurdt dat hinget ôf fan it oantal oanfragen en de kosten hjir fan. (we tinke
oan in bedrach fan maksimaal 500 euro)
Wat binne de rigels:
1. Doch it mei elkoar.
2. It plan wurdt dit jier úfierd.
3. Leverje it plan foar 1 juni yn by it Nut
4. Wolle jim wat yn gemeentegrûn: sels kontakt lizze foar tastimming.
5. De bijdrage komt pas as it plan echt útfierd wurdt. Dus bontsjes ynleverje by de
penningmaster fan it Nut (Franci).