D’UM

Ikoanen fan Weidum: Hessel en Anne Rodenhuis

17 oktober 2024

Wizige op 17-10-2024, 14:27:52

Ikoanen fan Weidum: Hessel en Anne Rodenhuis

(Ut de Rûnkranter fan desimber 2012. Hessel Rodenhuis is ferstoarn yn augustus 2015, syn frou Anne Rodenhuis-Fennema yn maaie 2022.)

Weidum lei ûnder in wyt winterkleed doe’t ik op sneontemiddei nei de famylje Rodenhuis ta rûn. Ek de tún, dy’t der simmers sa prachtich by leit, wie bedobbe en is no yn wintersliep. Frou Rodenhuis wurket eins alle dagen wol in oerke yn de tún, har grutte hobby, mar is no efkes frij. Of it moat al wêze dat se in stronk boerekoal yn ’e hûs hellet. Dêr is de froast no wol oer!

Fan 1958 ôf wenje Hessel en Anne Rodenhuis al njonken it doktershûs oan de Hanialeane. It hie net folle skeeld of se wiene yn Bears telâne kaam. Se hiene de kaai fan it hûs al krigen. Mar doe’t Rodenhuis hearde dat der nije wenten yn Weidum boud waarden, ha se harren houlik noch mar in healjier útsteld. Weidum hie dochs de foarkar.
It hûs is yn ’e rin fan de jierren bot feroare. De keamer is in stik grutter wurden, der kaam in bykeuken by en it húske is ferhuze fan de gong nei de bykeuken. Boppe binne de keammerkes ek oanpast. “In fiifjierreplan”, seit Rodenhuis, “Ik ha alles sels dien mei help fan de jonges”.
De jonges, Jaap (1959), Jurjen (1961)en Jan (1965), ‘de drie J’s’, binne fansels allang de doar út. Jaap wennet yn Grins, mar Jurjen en Jan binne yn Weidum bleaun. En dat is noflik. Dy beide springe gauris by as mem help nedich hat yn de tún of as der oars wat is.

Anne Rodenhuis-Fennema is yn 1927 berne oan de Nijebiltdyk by Aldebiltsyl. Yn in hûs dat tsjin de dyk oanboud wie. Folle wit se net mear fan dat wenplak want se wie noch mar trije jier doe’t de húshâlding Fennema ferhuze nei Goutum. Om’t har heit stakingslieder op It Bildt wie koe er net by de boer dêr bliuwe. Wat Anne noch bystiet oer It Bildt is dat se in kear by de dyk omheech klom en dat der doe in motorfyts oankaam.”Ik skrok sa ôfgryslik fan dat leven dat ik gau makke dat ik wer ûnder kaam”.

Frou Rodenhuis har heit hat 20 jier by in boer yn Goutum wurke en sadwaande hat sy har jeugd yn dat doarp trochbrocht. Letter waard heit Fennema streekbestjoerder by it Agrarysk Sosjaal Fûns en doe ferhuzen se nei Wytgaard. “Ik ried altyd op de skooter mar fanút dat plak koe ik ek maklik mei de bus yn Ljouwert komme”.  Anne hat in pear jier MULO folge en woe graach learares’ handvaardigheid’ wurde. Mar foar fierdere stúdzje wie gjin jild. Dan mar oan it wurk. “De earste moanne wurke ik mei ûntheffing foar de learplicht, want ik wie doe noch mar 14 jier”. Hast sân jier hat frou Rodenhuis by de Coöperaasje Excelsior (sjoch ek by Werken & Leven yn de Ljouwerter krante fan sneon 8 desimber) yn Ljouwert wurke, earst yn de winkel en letter op kantoar. Se die administratyf wurk en wie typiste. Letter waard se typiste by it PEB. Dêr hat se noch tsien jier wurke, ek noch efkes yn har trouwen.

Hessel Rodenhuis kaam yn 1929 yn Húns op ’e wrâld. Doe’t er ien jier âld wie krige er polio. Syn linkerfoet rekke ferlamme en hy koe net goed rinne. “Myn jeugd wie net sa maklik. Ik koe net nei de skoalle ta yn Baard. Master brocht my it húswurk en sa skarrele ik de skoalletiid troch. Op myn alfde jier bin ik oan myn foet opereard. It ankel waard brutsen en fêstsetten. Mei oanpaste skuon koe ik my doe aardich rêde. Winters as der iis lei, koe ik wol yn oare plakken komme. Ik hie in prikslide krigen en dêr koe ik goed mei oerwei. Dy slide ha ik letter skonken oan in man dy’t ek polio hân hie”.

Rodenhuis hie ek graach trochleare wollen mar dat waard neat fanwege syn astma-oanfallen en om’t der gjin goed ferfier nei Ljouwert ta wie doe’t de oarloch útbruts. Op syn 18e jier waard er mûnsternimmer en holp er op it laboratoarium fan it fabryk yn Weidum. ”Doe bin ik ek begûn te learen. Ik helle allegear fakdiploma’s en koe my sa opwurkje ta stâlkontroleur en molkwinningsadviseur”. Yn 1963 oerkaam him ris in eangstich momint.
“Yn de winter fan 1963 moast ik in kear ynfalle foar in mûnsternimmer. Dy koe net by in boer yn Jellum komme en doe gie ik der sels mar hinne. Der wie in paad troch de sniedunen makke en ik moast oer it spoar. Dat wie net mear te sjen. De ljochten gongen op read en ik stoppe en sette de motor út. Ik miende dat ik op in feilich plak stie. Kaam dy trein net rjocht op my ôf! Ik ha gau de motor starten. Dat slagge ek noch en ik ried krekt op ’e tiid fan ’t spoar ôf. In dûbeltsje op syn kant”.

Yn 1970 sleat it fabryk fan Weidum en krige Rodenhuis in baan as haad molkwinning, kontrôle en feesykten op it fabryk fan Dronryp. Dêr waard er ek foarsitter fan de sintrale ûndernimmingsrie fan de ôfdielings Wolvegea/Wommels/Dronryp. As fertsjintwurdiger fan dy rie wied er boppedat aktyf yn de fakbeweging FNV.

“Ik hie in moaie baan mar wie wol altyd fuort. Ik reizge nei boeren ta yn noardwest Fryslân en op de eilannen”. Fan de 220 boeren dêr’t er kaam wit er noch altyd de nammen dy’t by de nûmers fan de molkbussen hearden. Nei in iepenhert operaasje wie Rodenhuis bang dat er geastlik ek wolris in klap krije kinne soe. “Mar doe ha ik fuort besocht om dy nammen wer oan de molkbusnûmers te keppeljen en dat slagge. Doe wie ik gerêst”.

Troch al dy kontakten mei oare minsken makke Rodenhuis soms aparte foarfallen mei.
“Ik moast in kear nei in boer op Skylge. Op ’e boat kaam ik direkteur Eleveld fan it fabryk tsjin en dy sei: “Moatst ek nei dy fierste boer yn Easterein ta? Ik ek, mar dêr sjoch ik wol tsjinoan, want dy man is net sa noflik. Gean do earst mar”. “Dat die ik. Dy boer hie altyd 3e klas molke en dêr moast ik mei him oer prate”. Rodenhuis waard net sa entûsjast ûntfongen. “Moatst oppasse, oars jei ik dy fan ’t hiem ôf”. “Dat wit ik”, sei Rodenhuis, “dêrom bin ik hjir fuort mar hinne gien, want as ik dochs dea moat hoech ik earst de hiele dei ek net mear te wurkjen”.  Dat bruts it iis: “Jo binne myn man”, sei de boer, “ jo moatte daliks mar efkes mei yn ’e hûs komme dan kinne jo myn foske ek noch efkes sjen”. It die bliken dat it foske de readhierige boerinne wie!

Neist de drokke baan wie der dochs noch tiid foar hobby’s en bestjoeren. “Ik mocht graach sjonge en toanielspylje en die dat ek wol op feesten. Doe waard ik frege foar in revue, skreaun troch Roel Oostra. In revue mei muzyk fan de Boerekapel (fan Harmonie Weidum). Wy ha wol sa’n 200 kear spile, rûnom yn Fryslân en ek wol foar Fryske kriten yn oare provinsjes. Tettie Venema en Pier Koopmans spilen ek mei. In moaie tiid”.

Yn Jorwert hat Rodenhuis nochris songen foar de eardere eigner fan it kafee, de hear Sobel. “Dat woe dy man graach. Ik stie op de tafel en Sobel siet yn de hoeke by it rút. Ik song De kat van Jansen en doe wankele ik wat. Gau grypte ik om my hinne en hold my fêst oan ’e gerdinen. Doe kaam de rails mei gerdinen en al nei ûnderen en Sobel wie net mear te finen. Wy plukten him ûnder de gerdinen wei. “Alleen drank kan mij nog redden!” wie de reaksje fan de man."

Doe’t der in doarpshûs yn Weidum kaam siet Rodenhuis yn it oprjochtingsbestjoer. De fergaderingen waarden faak by frou Haima holden dy’t sekretaris wie.
Foar de ANBO hat er him 15 jier ynspand as foarsitter.
Polityk wie Rodenhuis ek aktyf. Hy hat acht jier foar de Partij van de Arbeid as fraksjesekretaris yn de Gemeentrie fan Baarderadiel sitten. Nei dy beide terminen naam syn frou de taak fan gemeenteriedslid oer en hat sa noch fjouwer jier har politike paadsje skjinfage. Hessel Rodenhuis wie yn 2011, 65 jier lid fan de Partij van de Arbeid. Se soene  op in sneintemoarn yn juny nei Jan ta te kofjedrinken. “Ik helje jim wol efkes op”, sei Jan, mar hy ried net nei syn eigen hûs ta, mar nei It Weidumerhout. Dêr wachten Boargemaster Liemburg en Twadde keamerlid Luts Jacobi harren op. Hessel waard dêr huldige en dêrnei ha se noch gesellich mei it hiele selskip byelkoar sitten. Hy krige de Dreespenning.

Anne Rodenhuis hie njonken it mem en húsfrou wêzen in soad hobby’s. Fansels de tún, dy’t ferskate kearen op har advys oanpast is. Mar se hold har ek dwaande mei blomskikken. Yn it plakboek dat wy meielkoar besjoen ha, steane prachtige foto’s fan blomstikken dy’t op wedstriden ta stân kaam wiene. De tariedings moasten thús dien wurde en dan holp har man ek wol mei. As der in spesjale omlisting nedich wie bygelyks, waard dy troch Hessel timmere of op oare wize ynelkoar nifele. Wol seis kear achter elkoar wie Anne Rodenhuis Frysk kampioene blomskikken. In wedstriid dy’t organisearre waard troch de Koninklijke Maatschappij van Tuinbouw en Plantkunde. Der moast in ferplicht stik makke wurde en in frij stik. By in lanlike wedstriid waard se in kear twadde.
Frou Rodenhuis waard dêrnei ek wol frege om by bepaalde festiviteiten de lokaasjes op te fleurjen mei har blomstikken. Bysûnder wie ek it meitsjen fan krânsen foar de kampioenskippen Fierljeppen yn 1972. Roel Bokke Span krige de prachtige krânse fan frou Rodenhuis om ’e skouders.

Leden fan de Plattelânsfroulju koene by har op kursus, net allinne foar blomskikken mar ek foar it meitsjen fan sierraden. En dan komme de kistkes op ’e tafel mei broches, earbellen en kettingen. Allegear handwurk. “Foar de kursussen telde ik de kralen altyd út en die dy yn pudsjes. Dat ferge in soad tarieding. En der moast ynkocht wurde fansels. Protten kralen binne my troch de hannen gien”.
Frou Rodenhuis soe ek noch in kear meidwaan oan in hobbybeurs yn it Doarpshûs fan Weidum, mar se rekke krekt foar de tiid nei it sikehûs mei in longûntstekking. “It boerd mei de útstalde sierraden ha ik noch altyd”.
Mei in soad geduld en kreativiteit makke Anne Rodenhuis ek skilderijkes fan droechblommen. Oeral waarden dy blommen plukt, thús,  yn ’e bermen, by kuiertochten en op fakânsjes. Hessel hie in perske foar har makke en dêr kamen de blommen ûnder nei’t se earst mei soarch tusken spesjaal papier lein wiene. Prachtige stillevens ûntstiene ûnder har hannen en alles makke fan blommen. Fine tûkjes, gerzen en stikjes fan blommen waarden mei help fan in stopnulle en lym soarchfâldich teplak lein. De moaiste komposysjes ûntstiene. Prigelwurk dat frou Rodenhuis no net mear dwaan kin. Mar de oantinkens sitte yn it plakboek: foto’s fan wurkstikken, noch yn in ferskaat oan kleuren. Want oan ’e wand ferkleurje se yn de rin fan de jierren en wurdt alles brún.
Skilderje die frou Rodenhuis ek. Sy joech in eigen ynterpretaasje oan it Hylper skilderjen. De moaie resultaten steane op in tal plakken yn ’e hûs.

Hessel en Anne Rodenhuis dogge it no kalm oan. Noch wol yn ‘e tún oan it wurk en sels de boel safolle mooglik byhâlde. Ek de polityk en wat der yn ’e wrâld bart folgje se mei belangstelling. Se binne bliid mei de bern en bernsbern om harren hinne dêr’t se foar help ek wol in berop op dwaan kinne.
It wennet prachtich op harren plakje oan de Hanialeane mei it sicht op de Skildyk dêr’t se harren hiele trouwen taholden ha. “En wy binne hjir gelokkich noch tegearre”, sizze se.

Janny Bottema