9 maaie 2018
Wizige op 26-11-2019, 15:57:05
It is stil yn Weidum.
Sa’t de measte ynwenners al fernommen ha hearre wy de klok fan de tsjerketoer net mear slaan en dat is jammer. It slaan fan de klok op it heale en folle oere heart der by en ek it lieden fan de grutte klok oan it begjin, op healwei en oan ’e ein fan de dei wurdt net mear dien. It bestjoer fan De Tsjerke en it bestjoer fan It Nut fine dat spitich, en dȇrom is der op 12 april april hjiroer al in gearkomste west yn it doarpshûs.
Foar wa’t dêr net wêze koe in koarte útlis oer hoe’t it sit en wat de problemen binne.
De tsjerke yn Weidum hat in oerwurk en yn de toer hingje twa liedklokken.
It oerwurk:
It oerwurk jout de tiid oan op in wizerplaat op de eastgevel fan de toer. Hy slacht twa kear yn it oere. It oantal oeren op it folle oere en ien kear op it heale oere.
Om it slachwurk en de wizers oan ’e gong te hâlden hingje der twa swiere gewichten yn de toer, ien foar it oerwurk dat de wizers draaie lit en ien foar it slachwurk.
Dy gewichten moatte twa kear deis opwûn wurde mei in grutte slinger en dat is dreech wurk.
De liedklokken:
Der hingje twa liedklokken yn de toer. De “zadels” dêr’t de assen fan de klokken yn rȇste binne koartlyn fernijd. It lieden fan beide klokken stiet los fan it oerwurk, dus dat kin gewoan trochgean.
It tiidlieden:
It is tradysje yn in soad doarpen dat om 08:00, 12:00 en 18:00 oere ien fan de liedklokken koart lieden wurdt. Oarspronklik bedoeld om foar de minsken dy’t bûten oan it wurk binne de tiid oan te jaan. Yn sommige tsjerken wurdt dat automatysk regele, mar yn Weidum net. Dus it tiidlieden trije kear deis moat mei de hân dien wurde.
It gelegenheidslieden.
By stjȇrgefallen en begraffenissen liede de beide klokken meastal. As der op snein in tsjerketsjinst is wurde de klokken faak ek fan tefoaren lieden. It lieden moat hast oeral mei de hân dien wurde en dat is yn Weidum ek sa. Yn sommige doarpen wurdt de klok soms ek lieden by oare gelegenheden lykas in berte fan in nij berntsje yn it doarp. Oan de tiid en de folchoarder fan de swiere en lichte klok kinne je hearre oft der ien stoarn of berne is en oft it in man of frou (jonkje of famke) is. Dat is yn Weidum net sa wiidweidich dien, mar it soe kinne.
De problemen:
Foar safier de feiten hoe’t it sit, mar wat is der dan mis?
It oerwurk is fersliten en stikken. De lagers moatte fernijd wurde en ien kamrȇd hat ek in brutsen speak. Dat betsjut dat in spesjalisearre klokmakker it oerwurk út de toer helje moat en meinimme nei de wurkpleats. Dȇr wurdt de klok yn oarder makke, en dȇrnei werombrocht yn de toer, ȏfsteld en ynregele.
Dan is de klok wer yn oarder, mar hy moat noch mei de hân opwûn wurde, dȇr is neat oan feroare. De koster moat dȇrfoar de trep op yn de toer en mei in slinger de beide wichten opdraaie. En tolve oeren letter wer. Dat kin tsjintwurdich net mear frege wurde fan in koster en mei frijwilligers is dat ek net te dwaan. It tiidlieden om acht, tolve en seis oere is altyd mei de hân dien, dat stiet los fan de problemen mei it oerwurk. Mar ek hjirfoar jildt dat net mear fan de koster of in tal frijwilligers frege wurde kin om trije kear deis alle dagen nij de tsjerke te gean om de klokken te lieden.
Wat no?
It oerwurk fan de klok moat restaurearre wurde en dȇr moat in automatysk opwyn-mechanisme oan taheakke wurde. Dat moat yn ien kear as de klok yn de wurkpleats is.
Dan kin de klok alle dagen wer de tiid oanjaan, de oeren slaan en hoecht net mear twa kear deis opwûn te wurden.
Dat kostet ûngefear €25.000,- en dȇr draacht it Ryk sa’n € 5.000,- oan by.
As om acht, tolve en seis oere de grutte klokken ek automatysk liede moatte komt der noch sa’n € 9.000,- by. Wol it oerwurk en it kloklieden wer optimaal funksjonearje dan moat der dus maksimaal ca. € 29.000,- op it kleed komme.
Dat is in hiele toer, mar It Nut en De Tsjerke wolle besykje om dat yn gearwurking dochs foarinoar te krijen.
Op 12 april is dit mei in tal ynwenners yn it doarpshûs besprutsen en wat dȇr útkommen is koe net mear meinommen wurde yn de lêste Rûnkranter. Wa’t mear witte wol kin kontakt opnimme mei it bestjoer fan It Nut.
Steven Duursma