Blik op it Ferline fan it boerebedriuw

25 oktober 2015

Wizige op 28-11-2019, 11:58:32

Blik op it Ferline  fan it boerebedriuw

It boerebedriuw

Dizze kear in blik op it ferline fan it boerebedriuw. Yn grutte halen witte je it ferhaal wol hoe 't de lânbou troch skaalfergrutting en meganisaasje feroare is. De trekker naam it plak yn fan hynder en wein, de molkmasine kaam, faam en feint ferdwûnen fan de pleats. Mar at Jan Monsma fertelt, krije je folle mear byld by wat der allegear ferlern gien is. Biezems fan heide bygelyks en in wurd as weidloeie. Details yn de grutte skiednis, mar dochs.

Net dat Jan Monsma nostalgysk is oer it ferline, as wie it doe allegear better. 'It wie hurd wurkjen, de minsken hiene it net rom.' Alles moast mei de hân, sûnder masines meitsje je lange dagen. Hjoeddedei is it mar even in by lâns gean om in stik lân te meanen, mar at je dat mei it hynder dwaan moatte is it in oar ferhaal. Monsma pakt der in mjitlint by om sjen te litten hoe breed de fingerbalke fan in meanmasine wie dy 't achter twa hynders paste: net mear as 1,35 meter. In eker fan 7 meter moast yn wol seis streken. Heakkeljen wie ek sa'n wurk. Kilometers sleat earst mei de snijseine en dan mei de heakkel der by lâns. Foar 1 novimber moast it dien wêze, dan mochten je yn augustus wol begjinne om dat te heljen. Sa'n heakkelstok die yn it begjin goed sear oan it skouder. En dat diene je dan tusken it melken, it meanen of kûljen troch.

De djoerste molke
Hânmelke hat Jan as jonkje noch leard. Hoe lang diene je oer ien ko, wol ik witte. Jan kin it sa net sizze. De iene ko molk lichter as de oare. Je diene it mei syn fjouweren – boer, feint, faam, soan – en sieten mei mekoar yn in ritme. Mar mear as in oere wiene je mei in stik as tritich kij seker wol dwaande. Yn '49 kaam de molkmasine en wie it hânwurk dien. No, noch net hielendal. Sommige kij moasten earst mei de hân foarmolken wurde om dan fluch op de masine set te wurden. En dan wie der noch it neimelken om de djoerste molke – dat wol sizze de fetste molke – der noch út te krijen. 'De laatste drop is de boterknop' wie de útdrukking.

Monsma kocht yn ’59 foar it earst in trekker. In hiele oanskaf, tsientûzen gûne. Tsien jier earder hie R.Y. Oostra al ien oanskaft, nei ’t Ford-dealer Osinga út Snits in kear in demonstraasje jûn hie. 'Us heit hie doe krekt de pleats kocht, dat foar ús siet it der doe noch net yn.'

Boeren yn Weidum yn 1949
Mei it jierboekje fan it suvelfabryk der by hat Jan Monsma op in rychje set wa 't der yn 1949 boer wie yn Weidum en mei hoefolle kij. It wiene der 24 en mei elkoar hiene dy boeren en komelkers yn dat jier sa'n 420 kij. No binne der yn Weidum noch acht boerebedriuwen, Monsma skat dat dy yn totaal goed 800 kij ha. Dus trije kear minder boeren ha twa kear safolle fee.

 

S. Flapper

Dekemawei 7

28 kij

nee

M. v.d. Meer

Dekemawei 2

16 kij

nee

B. Sikkema

Dekemawei 3

wikseljend (feekeapman)

nee

R.Y.  Oostra

Dekemawei 9

34 kij

ja, oare kant fan dyk, Jentsje Stoker

R.E. Oostra

Dekemawei 1

26 kij

nee

Wed. J. Boersma

Wielsterdyk 3

25 kij

ja, Piet de Boer

L. Visser

Hegedyk 1

11 kij

nee

S. Holtrop

Hegedyk 3

33 kij

ja, ferhuze, Kees Elgersma

Sj. Hiemstra

Hegedyk 9

32 kij

ja, Pier de Vries

J.O. Anema

Hegedyk 11

22 kij

nee

S.W. Jellema

Hegedyk 48

  4 kij

ja, oare kant fan dyk, J. van Wijngaarden

B. Keestra

Hegedyk 46

32 kij

ja, Beert-Pieter Keestra

T. Looyenga

Hegedyk 44

12 kij

nee

A. Schotanus

Bornialeane 4

14 kij

nee

P. List

Kûperssteech 1

10 kij

nee

A. Tamminga

Skildyk 8

  7 kij

nee

P. Swierstra

Greate Buorren 37

30 kij

noch wol fee, Sjoerd mei soan Pier

A.T. de Jong

Greate Buorren 21

  3 kij

nee

R. Tysma

Greate Buorren 2

21 kij

ja,  Pier Swierstra

O. Monsma

Lytse Buorren 1

38 kij

ja, Joannes van der Weij

Wed. J. de Boer

Sânpaed 40

  8 kij

nee

R.D. Oostra

Sânpaed 17

  1 ko

nee

Wat opfalt by de adressen is dat der ek midden yn it doarp fee holden waard. Bygelyks Sânpaed 40, dêr 't Johannes en Baukje de Boer wenje. Je kinne je dochs hast net foarstelle dat dêr in hiem wie mei in heaberch, in rûchskerne en in stâl mei acht kij?

Administraasje yn keukenslaad
Mei de skaalfergrutting waard it boerehiem ek hieltiten grutter. Yn Monsma syn tiid wie in hiem sa'n 90 by 45 meter, mei in grêft der omhinne en in beamsingel. Sjoch no ris wat der oan gebouwen stiet en oan betonplaten leit. It hiem bliuwt yn beweging, stelt Monsma fêst en dat is ek goed, je moatte je bedriuw by de tiid hâlde. Dat is foar de hjoeddeiske boer wol in swiere opjefte.'Neam allinnich de ynfestearrings dêr 't er oer beslute moat. At froeger in hynder oan ein wie, gong de boer nei de feemerk en kocht in nij hynder. No moat in boer foar in nije masine jild liene, witte wat belestingtechnysk handich útkomt ensafoarthinne. En dan binne der noch alle regels en registraasjeferplichtings. Doe 't Saakje en ik op 'e pleats begûnen, paste de administraasje yn it keukenslaad. No ha je der in kantoar foar nedich.' 

Heidebiezem
At we by Jan thús sitte te praten binne de ferhalen maklik te folgjen, mar yn it doarpshûs mei de fotoboeken út it argyf der by, kin dizze stedse juffer syn wurden kwalik byhâlde. 'Sjoch, hjir binne se oan it swyljen. Hjir leit it hea op in wudze. Dêrnei waard it tieme en gong it yn in reak. Dan folge it weidloeien en koe it hea op ’e wein nei de skuorre.' Soe in moderne boer noch witte wat hjir sein wurdt? Op in oare foto stiet in man mei in biezem. 'At ik it goed sjoch is dat in heidebiezem, makke fan heide mei in toutsje der omhinne. Dy brûkten se foar it skjinmeitsjen fan it bûthús.'

Boerekwartet
Ut ien fan de mappen fan frou Haima komt it Frysk boerekwartet tefoarskyn. Oan dat kwartet is de namme fan Pier Swierstra ferbûn, de heit fan Sjoerd Swierstra (en de pake fan Pier, Marten, Tryntsje en Sibe fansels. En ja, at we dizze grutste famylje fan Weidum rjocht dwaan wolle, moatte we de oerpake- en beppesizzers der ek noch mar even by fermelde: Maaike, Hessel, Sibren, Anna-Nynke, Sjoerd, Tessa-Froukje en Andrys). Pier makke diel út fan in freonerûnte dy 't begjin jierren tritich in bûn oprjochte, mei as doel de krêft fan de boerestân út te dragen. In aardige manier om dat te dwaan wie it útjaan fan in boerekwartet. Der wiene doedestiids kwartetten yn alle farianten, mar allegear yn it Hollânsk. Heech tiid foar in Fryske útjefte, fûnen de jonges fan it bûn, oer it Frysk boerebedriuw. It kwartet kaam yn ’39 út en wie in grut súkses: de oplage fan 23.000 stiks waard hielendal útferkocht. Nei de oarloch folge in twadde edysje, ek wer fan 23.000 stiks. Elke boerehúshâlding hie it kwartet wol, it wie echt yn, kin Monsma him yn ’t sin bringe. Koene je noch mar even weromsjen yn sa'n húskeamer: 'Mei ik fan dy fan Folk op 'e pleats' de faam?' 'Nee, dy ha ik net, mar hasto foar my fan De ûngetiid it swyljen?'

Ach, wat binne der in tafrielen, bylden en lûden dy 't net werom komme. En wêr sille folgjende generaasjes oait noch ris nostalgysk om wurde? Ik set fêst op 'e list: dat nuver jengeljende lûd at sa'n monster fan in masine bulten kuil mei plestik omwikkelet en yn grutte swarte pakketten op it lân set. 

Katja Westra
mei help fan Jan Monsma en Jeppe Teensma,
argyf wurkgroep histoarje