27 febrewaris 2024
Wizige op 28-02-2024, 09:59:25
Desimber 2023
Foar it gefoel reint it al sûnt augustus (mar sa slim sil it wol net wêze) dus de hjerst is begûn. It bestjoer fan It Nut hat al wer in pear kear bymekoar west om in tal saken te bepraten. Ien dêrfan is de Dekemawei. Dêrom kinne jim hjir de lêste ûntjouwings lêze, optekene troch Steven fan de ferkearskommisje.
FERKEAR YN EN OM WEIDUM
Jo ha it grif fernommen, de gemeente is warber mei it feroarjen fan de ferkearssitewaasje.
De Dekemawei is yn desimber twa wiken ticht en dat is net de iennichste kear, want yn maart 2024 sil dat noch in kear gebeure. Der is bûten noch neat fan te sjen, mar der wurdt ek noch hurd wurke oan de plannen foar it ferbetterjen fan de doarpsyngong Hegedyk Súd. Wat stiet der te gebeuren en wat binne de plannen?
Dekemawei en Weidumerdyk Wytgaard
Fanút it doarp binne der al langer klachten nei foaren brocht: Der wurdt te hurd riden, de bermen binne min, de oergongen by de brêge fersakje, it asfalt is hielendal fersliten.
It belied fan de gemeente is dat alle diken yn it bûtengebiet yn prinsipe de status 60 km/oere krije.
Wat betsjut dat foar de Dekemawei:
Entree Hegedyk Súd
It Nut en net te ferjitten Steven Duursma as âld bestjoerslid, is al jierren yn petear mei de gemeente oer it gefaarlike stikje tusken de komgrins en de oanset fan it fytspaad oan de súdkant fan it doarp. Kuierders en fytsers moatte op ’e dyk rinne, wylst in soad auto- en frachtferkear dêr hurd rydt. It is in lang trajekt, mar der wurdt oan wurke en wy hoopje dat we hjir yn elts gefal yn 2024 posityf oer berjochtsje kinne.
Dan noch wat oar nijs fan It Nut:
De bank om de beam op de hoeke fan de Dekemawei en de Wielsterdyk is hielendal opknapt troch Nico Noorman fan It Wiel. Super dat de bank der wer sa kreas by stiet! Oare banken wurde troch de gemeente opknapt mei keunststof planken of nije betonnen poaten, sa as dy op de Dekemawei.
It bestjoer fan It Nut winsket elts in moaie winter ta mei miskien sels wat iis om te riden.
In sûn en lokkich 2024!!
Fan Franci, Gertjan, Sijtse Auke, Piet en Anton