Blik op it ferline

20 april 2014

Wizige op 28-11-2019, 13:49:43

Blik op it ferline

Yn maart ha we foar it lêst stimd foar de gemeenteried fan Littenseradiel. Fan 2018 ôf heare ús doarpen by de gemeente Ljouwert. Yn kilometers stiet it gemeentehûs dan tichterby as no de ôfstân nei Wommels is. Mar oft de gemeentepolityk dêrmei tichter by de boarger komt? Der hat in tiid west dat it mar in hoannestap wie om by de eigen boargemaster of wethâlder op besite te gean: doe stie it gemeentehûs yn Weidum. Oan de Greate Buorren 15, om krekt te wêzen, op it plak dêr 't no Ben Rutten en Anna Reineman wenje. Hast in ieu lang wie Weidum it bestjoerlike sintrum fan de gemeente Baarderadiel, fan 1816 oant 1908. Net dat der op in gemeentehûs doe al sa folle omgong hear. It kolleezje fan B&W koe yn 1816 ta mei ien ferdjipping, boppe it kafee. Belestingsinten Echt demokratysk wie in gemeente doe ek noch net. Allinnich rike minsken (lês: manlju) mochten stimme, letter útwreide ta de middenklasse. Earme arbeiders kaam it rjocht net ta om mei te praten oer hoe 't in oar syn belestingsinten ferdield waarden, wIe men doe fan betinken. Fan 1917 ôf mochten alle manlju fan boppe de 23 jier stimme, froulju krigen dat rjocht net earder as yn 1919. De taken fan de gemeente namen stadichoan ta, de húsfesting op de boppeferdjipping yn Weidum waard te krap. Yn 1907 wiene der plannen foar in nijbou. Tal fan doarpen diene de gemeente oantreklike oanbiedings om it gemeentehûs yn eigen doarp te krijen. Mantgum wûn de striid. De tsjerke bea in grut terrein oan en die der ek nochris fiiftûzend gûne by. Yn dy tiid ferrûnen beslútfoarming en útfiering noch rap: binnen in jier stie it nije gebou der. Mar net foar lang. Troch konstruksjefouten, minne speesje en in swakke fundearring moast it gebou tritich jier letter al wer ôfbrutsen wurde. Arsjitekt Goodijk út Snits boude yn 1939 in nij gemeentehûs. Arbeiderswenten Yn Weidum wie de pleatslike timmerman G.Palsma der yn 1908 rap by om it âlde gemeentehûs op te keapjen en der trije arbeiderswenten fan te meitsjen. Ek doe krigen je net samar in boufergunning. De opsichter fan de gemeente ferordenearre dat der genôch privaten en in reintonne komme moasten en 'dat adressant de bouwverordening stipt moet nakomen en zich houden aan de overgelegde teekeningen.' Yn 1984 wie der in gemeentlike weryndieling, Baarderadiel hold op te bestean en Weidum, Jellum en Bears waarden yndield by de nije gemeente Littenseradiel. It gemeentehûs yn Mantgum waard in wenhûs, it nije ûnderkommmen fan boargemaster en wethâlders kaam yn Wommels en is hiel wat grutter as trije arbeiderswenten. Trije desennia letter waard fêststeld dat ek dy skaal net grut genôch mear is. Komt der yn 2018 dus al wer in gemeentehûs frij.... Katja Westra Mei meiwurking fan Jan Monsma en Jeppe Teensma (argyf wurkgroep histoarje)