D’UM

De dagen om Kryst hinne

24 desimber 2021

Wizige op 24-12-2021, 16:35:36

De dagen om Kryst hinne

Troch dûmny Gremdaatske

Bekrûpt jo ek wolris it gefoel dat wy mei ús allen libje yn in spylfilm? In rare film, wêrfan’t it noch net alhiel dúdlik is wat it plot wurde sil, mar wêryn’t wy as akteurs hypermodern en ynteraktyf it skript bepale? It sjenre is hast net yn
‘30 seconds’ te omskriuwen, mar ien tema hat in soad wei fan it bekende geloofskonflikt. Dêr’t wy skodholjend sjogge nei reportaazjes oer it Heine Easten of it Hûtû/Tûtsy-geweld, lykje wy der yn ús eigen film yn fertize te reitsjen.
Al is it soms net te leauwen wat in oar al dan net foar wier hâldt, it wurket sa no ien kear mei in hillich geloof. Drink marris in bakje kofje mei in Jehovatsjûge;
je komme noait op ien line. Je moatte der mar op fertrouwe dat in oar nei syn bêste witten hannelet mei wat er ynterpretearret út alle ynformaasje dy’t foar hannen is. En dêr de persoanlike ferantwurdlikheid foar nimt, sadat de film him stadich fierder iepenteart yn de tiid.

In oar tema yn dizze film, eins it haadtema dêr’t alles om draait, is it krijen fan in ‘Titer’. In Titer is de opbou fan antistoffen yn it bloed: In hege Titer is de ein fan al it gesoademiter! In soarte fan jacht op de hillige graal, in faker foarkommend filmtema. Mei it krijen fan de Titer, ynbrocht of oprûn, komt ús ferlossing. Al is soks hast net te leauwen.

Mar, leave minsken, miskien binne dizze waksineljochtsje-moannen, sa om Krysttiid hinne, in goede tiid om it geloof eefkes los te litten. In oekumenyske time-out om te sjen nei wat ús krekt ferbynt. En dat is ús minslik estetysk fermogen, it ûnderskieden fan skientme. Wy hawwe earen en eagen om hiele moaie dingen te ûnderfinen: in prachtich nij behankje; de garaazje keurich opromme; in útbundige reade blom út sa’n skilferige amaryllisbol; oerweldigjend kleureljocht fan de sinne, daagjend boppe Wurdum en sakjend efter Jorwert; loepsuvere modulearjende barbershopmuzyk; bernetekeningen (eins allinnich fan dyn  eigen..); in sierlik ingeltsje yn de krystbeam; moai kwetsber songen selsbetochte ferskes mei gitaarakkoarden; in glinsterjende ring...
De mooglikheden binne ûnbegrinze en de wûnders fan sa’n soad moais om je hinne betoverjend. Us kat fynt in readboarstje in hapslok, wy fine him kleurich skakearre en fleurich klinkend; wat in handige útwreiding fan ús hersenkapasiteit!

Leave minsken, wy witte net wat dizze sinemakreaker ús allegearre noch bringt,
al leau ik der rotsfêst yn dat wy yn de spannende apoteoaze sitte, weryn’t wy op heroyske wize meunsters as Omikron ferslaan sille. En wy ferlichte sykhelje kinne. Want úteinlik wit de wrâld ommers ek wol dat alle films mei in ‘happy end’ altyd fierwei it súksesfolst binne!

In hiel moai winterskoft tawinske en oangename itensmielen (eat mei spekjes ofsa...)