D’UM

Drokte by it Doutraapjen!

14 maaie 2026

Wizige op 02-07-2026, 14:06:37

Drokte by it Doutraapjen!

Sa'n 60 doarpsgenoaten kamen om 7 oere yn it doarpshus by elkoar om útein te setten yn twa groepen. De folwoeksene groep hat op paad west mei Klaes, Sytse en Pelle en hat útlis hân oer de skiednis fan Weidum en de ferskate fûgels dy't yn de greiden sitte. De groep mei famyljes starte ek om 7.00 oere hinne. Fan De Klyster ha we in prachtige leskist brûkt oer de greidefûgels. Mei tank oan Marjolein! Der wienen allegearre leuke opdrachten, sa as: is dit plak geskikt foar greidefûgels, hoe folle ite se eins en welke fûgels sjogge we ûnderweis? Nei de tiid stie foar elts in hearlik moarnsbrochje klear! In slagge begjin fan de dei!