30 juny 2014
Wizige op 28-11-2019, 13:28:53
It is wer slagge, mar freegje net hoe….. It wie dit jier in hiele toer om genôch minsken byinoar te krijen om ek dit jier it reiske wer hâlde te kinnen , wylst, as wy it sa neigean, der samar twa bussen fol yn ’e beneaming komme soene, mar ja… dan moat jo wol wolle. Foar de measten is it in kwestje…. och wy kinne oeral sels wol komme, dus hat it gjin sin, en gelyk ha se…..!!! Lokkich is der ek in part dy’t dêr oars oer tinkt, dy’t der niget oan hat om ek ris mei dyjinge te praten en oan ’e tafel te sitten dêr’t jo oars net sa folle gedoente mei ha en dat wy ûnderweis dan ek noch hjir en dêr wat tsjin komme dat it besjen wurdich is, makket dat sa’n dei foar de measten fan ús as tige slagge oerkomt… Op 13 Maaie stiene der 41 minsken te wachtsjen …..mar wat der ek kaam…..gjin bus…. Dyjingen mei in rollator wiene it bêste út. Sy koene sitte. En dan begjint it al rillegau om jo hinne te gûnzjen: “Hoe kin dit no, dit ha we noch nea belibbe, soe der in ûngemak wêze….”! Neat fan dat alles. De bus siet yn Ljouwert fêst fanwege it drokke ferkear dat allegear troch de stêd moast….! Om 9 oere wie it sa fier, de reis koe begjinne. Nei in wolkoms wurd fan Jan Monsma krigen wy útlis wêr’t de reis nei ta gie, koartsein, kofje drinke yn Den Ham [Gr] ite yn Súdlaren, dan op nei Nijeskâns en as lêste kofje yn Aduard. As it allegear sa koart om ’e hoeke gie as ik it no opskriuw, soene wy om stikhinne 2 oere wer thús wêze, mar dat wie net de bedoeling! Sjauffeur Geert Jansma ried ús oer moaie binnendiken nei ús earste halte Den Ham. Hjir koene wy, nei’t wy kofje dronken hiene mei fansels heerlik gebak, it prachtige lytse tsjerkje besjen dat troch boer Harkema boud wie. De bou fan dit tsjerkje koe finansjeel realisearre wurde om’t Boer Harkema in útfining die nammentlik de MELK CARROUSEL. Hy wie doe yn ien kear miljonêr en hie doe mar ien doel, dy tsjerke moast der komme. Fansels siet de gemeente him dwers, mar mei in artikel 19 proseduere mocht der boud wurde. Mar ja, dan wol in soarte fan weinhok. Harkema wie in trochsetter, hat der 13 jier oer dien, hat hiel wat yn ’e klins lein mei de gemeente, mar syn dream is útkommen. In pracht fan in tsjerkje dat yn ’e gemeentelike boeken as weinhok ynkreaun stiet. De reis gie fierder. Op nei Súdlaren, it Brink Hotel, dêr’t in hearlik miel iten foar ús klear stie. De aardichheid fan meiïnoar ite sit dêr yn dat jo no ris by in oar oan ’e tafel sitte. Minsken út Nij Dekama dy’t jo fertelle hoe goed as se it dêr ha, en benammen it iten, en dat it sa’n feilich gefoel jout te witten dat jo net allinnich binne. Mar ek de plannen fan ’t regear. Moatte de bern skylk foar ús soargje? No dat sjogge se net sitten.... De reis gie wer fierder, op nei Nijeskâns. Hjir krigen wy in demonstraasje glêsblazen. It gie hjir net om samar wat goedkeap guod, nee, hjir koe de bankdirekteur wol in stikje fan syn bonus ynleverje. In skaaltsje as faaske kaam al gau op € 500,- oant € 1250,- mar dan hiene jo ek wat. Mar ja, myn finsterbanken binne te smel, dus we ha dat spul mar stean litten. Ek hjir stie de kofje en keek wer foar ús klear en koene wy noch efkes de galerie besjen mei al dy prachtige keunstwurken. Foar de measten fan ús wie dit wol eat dat wy noch net faak sjoen hiene en ek de demonstraasje fan it blazen fan sa’n prachtige faas wie de muoite wurdich. Us reis gie fierder, nei Aduard. In sjauffeurskafe dêr’t inkelen eartiids wol faker sitten hiene. Harm Hallema fertelde hoe’t er yn syn jonge jierren hjir wol west hie as frachtweinsjauffeur. En as er dan yn ’e wyn hie, dat er dan wol in topsnelheid fan 40 km yn ’e oere helje koe. Wylst je dêr dan wat omrinne en hjir en dêr wat oanhearre, wurde jo mei in grut probleem fan ien fan ’e reizgers konfrontearre. Nee, dit wie net samar wat. It die bliken om in hoanne te gean, in âlderwetske hoanne, ien dy’t noch opkomt foar syn froulju. Lap it net en kom te ticht by syn harem… Hy set him skrep en flocht jo oan. Sjoch, dat is in echte man. Mar ja, as eigner wolle jo der wol ôf…. mar hoe!!! Doe kaam ien fan ’e tahearders mei in oplossing. “Jei dat bist oer de dyk nei de tún fan ’e buorlju. Slagget it hjoed net, dan moarn faaks wol. Mar ik doar te wedzjen dat kukel rillegau net wer werom komt….! No mar ôfwachtsje!!!!” Stadichoan waard it tiid om op hûs oan te gean. Gjin minsken dy’t wurch wiene, it wie oer’t gehiel nommen in hiele noflike dei Goed healwei achten wiene wy wer thús, dêr’t…. nee gjin korps op ús stiet te wachtsjen. Dit jier hat de kommisje efkes in stikje tradysje farre litten. Hjir wiene de mienings ferdield oer, mar it barde de lêste jierren te faak dat de minsken fuortrûnen wylst it korps noch spile. It wie te kâld, de lju hiene harren nocht en, hoe is it mooglik, no hiene wy prachtich waar!!! Ut name fan alle reisgenoaten tige tank Pytsje Bosma. Efkes in neiberjocht: De hoanne is ferhuze nei HEMELEN.