Valentijnskonsert fan Harmonie Weidum

17 febrewaris 2011

Valentijnskonsert fan Harmonie Weidum

It is 12 febrewaris, in oere as acht. Ik lis op in tafel yn ’e boppeseal fan it Doarpshûs te Weidum. Neist my lizze myn freonen en meielkoar wachtsje wy yn spanning ôf wat der barre sil. Noch gjin pear minuten letter komme der sa’n 30 man binnen stappen bepakt mei ynstruminten. Allegear, stik foar stik, prachtich yn ’e klean. Dit moat wol in fanfare wêze. Ien foar ien wurde wy fan ´e tafel ôfpakt en krije in moai plakje bij ien fan de muzikanten op ´e blûse. Myn freonen sjogge my ris oan mar ek ik bin der ek noch net wis fan wat se fan plan binne. Al gauw wurdt it ús dúdlik as wy allegeare mei nei ûnderen ta rinne en in plakje sykje op it poadium. Ik ha gelok, want ik bin by ien op de blûse spjelde dy’t op ’e foarste rij sit. Efkes falt myn blommehertsje stil by it sjen fan de prachtich fersierde seal fan it Doarsphûs. Moaie reade stuollen en de tafels kreas klearmakke mei in blomstik en der baarne ljochtsjes. Yn ’e loft hingje skitterjende lampen en wêr’t je ek mar hinne sjogge, in read hert ûntbrekt yn gjin inkele hoeke. De seal begjint fol te rinnen en ik krij yn ’e gaten dat wy hjir te gast binne by in konsert, in Valentijnskonsert wol te ferstean. Klokslach healwei tsienen, as de seal goed fol sit en dirigent Reimer Jan Rondaan foar de fanfare komt te stean, begjint de frou by wa’t ik op it boarst sit flink te blazen. Ek by de oare muzikanten klinkt der in prachtich lûd út de ynstruminten; it konsert is begûn. Mei it tapaslike nûmer ‘Rood’ fan ‘Marco Borsato’ blaast de fanfare de kop der ôf. De jûn wurdt presintearre troch Annemiek Schuurman en Tjerk Kooistra. Twa talintfolle minsken. Tegearre steane se stil by it fenomeen ‘Valentijn’ en wylst Tjerk syn leafdesferhalen my ús dielt siket Annemiek de moaiste brieven mei fersykjes út ’e TNT-bus. En dat binne der noch al wat. Ferskate nûmers binne oanfrege en net allinne troch minsken út Weidum. Sa frege Lucy Hopkins, de frou van Dinand Woesthoff, it nûmer ‘No surrender’ oan, dat Wybo Smids op dizze jûn prachtich útfiert. Ek Ken frege foar syn Barby in Medley fan ‘Pophits’ oan en Sepkje van der Vegt toetere in prachtige solo by it ferske ‘I don’t know how to love him’ út ’e Rockopera ‘Jesus Christ Superstar’. Yn it Skoft wurdt elts foarsjoen fan in hapke en in drankje. Ek dat sjocht der hearlik út. Der hinget in gesellige leafdefolle sfear yn ’e seal en ik betink my dat ik hjir wol yn in hiel bysûnder doarp terjochte kommen bin. Spesjale oandacht op dizze jûn is der foar Wiep de Ruiter en Siebolt Dijkstra. Beide binne sy al 60 jier muzikant en dat is net samar wat! In leuk filmke mei bylden fan it ferline komme foarby en Siebolt mei efkes lekker ‘relekse’ tusken it publyk. Der wurdt harren in rûnfeart oanbean yn Amsterdam troch de fanfare, mar as se wer begjinne sille wit Siebolt net hoe gau hy wer nei syn plak ta moat. It wie eins de bedoeling dat hy efkes genietsje mocht tusken it publyk, mar de echte muzikant spilet fansels it leafste sels ek mei! De jûn set troch mei ûnder oaren muzyk fan Robbie Williams, The Beatles en Whitney Houston. De fanfare hat sa no en dan begelieding op piano fan talint Wiebe Kaspers en Yldau Bijlsma sjongt foar ús it nûmer ‘Love Song’ fan Sara Bareilles. Grietsje Meulenaar en Ruurdtje Anema litte tegearre ‘Gabriëlla’s song’ út ’e film ‘As it is in heaven’ hearre. It klinkt allegear fantastysk! Spesjaal foar Klaas Ploeg wurdt ‘Brown Eyed Girl’ nei foaren brocht en foar Hester en Pier songen en spilen Yldau en Wiebe it ferske ‘Tegearre’. No’t ik hjir lis yn ’e hoeke fan ’e kast, skynber net mear nedich, betink ik dat jo echt wol wat mist ha, mochten jo dizze jûn net oanwêzich west ha. Mar, wa wit, miskien wurdt takom jier it stof wol wer fan my ôfslein en mei ik wer genietsje fan sa’n moaie jûn as juster. De Roas.